It Skriuwersbûn, organisaasje fan en foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en leafhawwers fan it Frysk docht in oanrikkemandaasje oan de sjuery fan de P.C. Hooft-priis foar proaza 2025. De skriuwers dêr’t it om giet, binne Durk van der Ploeg en Hylke Speerstra.

De P.C. Hooft-priis is in oeuvrepriis dy’t neffens it reglemint fan de P.C.  Hooft-stifting takend wurde kin oan in Nederlânsktalich auteur of in benammen yn it Frysk publisearjende skriuwer. Yn de 75 jier dat de priis bestiet, is der lykwols noch nea in haadsaaklik Frysktalige skriuwster of skriuwer beleanne. Unbekendheid mei de Fryske literatuer by de sjuerys spilet neffens it Bûn dêr sûnder mis in grutte rol by. De Fryske skriuwerij docht foar oare literatueren net ûnder. It Bûn hat dêrom op him naam de P.C. Hooft-stifting en de troch har beneamde sjuery fan goede ynformaasje te foarsjen.

De oanrikkemandaasje is, nei oerlis mei it bestjoer fan it Bûn, skreaun troch Martsje de Jong fan Bitgum. It bestjoer is ferantwurdlik foar de seleksje fan de auteurs.

De oanrikkemandaasje is hjir te lêzen.