Ynspiraasjesesje foar learlingen boppebou fû, studinten, dosinten en oare belangstellenden, troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen 

It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op. De buorlju, de boerinne út de titel, en de boer njonken har, dogge der alles oan om de grutste boer te wurden. Uteinliks kostet it harren alles. Ferskillende ferhalemakkers ha der troch de tiid al mei te set west, lykas in harkspulmakker, in striptekener, in regisseur, en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze ferhalen ferteld wurde bliuwe? Hokfoar keuzes wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal?

12.30 – 12.45 
Ynrin, registraasje, kofje/tee

12.45 – 13.15 
Ynlieding – Froukje Sijtsma – Ferhalemakker

Froukje nimt ús yn grutte linen by de hân troch it ferhaal en fertelt wat har der persoanlik sa yn oansprekt, wêrom’t se der sa entûsjast oer is. Se giet ek koart yn op de ferskate manieren wêrop’t it ferhaal troch de tiid hinne op ’e nij ferteld is (ynkl. harkspul RONO en stripferhaal).

13.20 – 13.50 
Workshop 1 – Annalies Outhuijse – Makker fan histoaryske escaperooms

Oer it omfoarmjen fan it ferhaal nei in escaperoom: hokker eleminten fan it ferhaal kinst op hokker wize brûke om der in speurtocht yn in escaperoom fan te meitsjen? Wêrom soe De wylde boerinne har goed liene foar sa’n escaperoom?

13.50 – 14.20 
Kofjeskoft

14.25 – 14:55 
Workshop 2 – Ypy Zysling – Regisseur

Oer it omfoarmjen fan ferhaal nei teater. Oer har persoanlike bining mei it ferhaal, en ferfolgens benammen: hoe komme je fan in proazaferhaal nei in nijsgjirrige teatertekst, hokker tema’s helje je derút en wêrom, hokfoar effekten kinne je dêrmei berikke, hoe tinke je nei oer fisualisaasje op it toaniel, yn hoefier is besocht om it ferhaal fan doe eigentiidsk te meitsjen op toaniel en hoe dogge je dat dan mei behâld fan it karakter fan it oarspronklike ferhaal?

15.00 – 15.30 
Workshop 3 – Douwe Kootstra – Folksferhalekenner

Wat is in folksferhaal no krekt? Wat makket dat dizze ferhalen hieltyd wer ferteld wurde, en hoesa is dat wichtich? Hokfoar ferskate foarmen fan dizze ferhalen besteane der, en kinne wy sels sokke ferhalen út ‘e regio betinke?

15.30 – 16.30 
Ofsluting

Lokaasje: De Gouden Leeuw, Tresoar

Oanmelde kin oant en mei 31 maaie fia lingotell@fryske-akademy.nl

Nei de webside →