Op woansdei 29 maaie fertelt skriuwster Anita Terpstra yn boekhannel Van der Velde yn Drachten oer har nijste boek ‘Hiltje’. Yn it boek stiet Hiltje Aukes Sipma (1805 -1898) út it Fryske Boarnwert sintraal, dy’t yn 1847 mei har man en seis bern de oerstek weage nei Amearika.

Anita Terpstra (Hallum, 1974) studearre sjoernalistyk en keunstskiednis. Se skreau meardere thrillers, romans en non-fiksje-bestsellers. De lêzing yn Drachten wurdt organisearre troch Van der Velde boeken, Biblioteek Drachten | Smellingerlân en Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland (SLAS ).

Mear ynformaasje & reservearje

Nei de webside →