Op sneon 28 novimber fertelt skriuwster Tialda Hoogeveen yn de biblioteek fan har wenplak De Gordyk oer har suksesfolle boek ‘De geur van hooi’.

De lêzing fynt plak yn it ramt fan Nederland Leest, dat dit jier as tema hat: lytse skiednis, grutte ferhalen. ‘De geur van hooi’ sketst oan de hân fan it libbensferhaal fan de boer Siebe Peenstra de Nederlânske lânbouhistoarje fan de ôfrûne hûndert jier en past dus moai yn it tema. Sa!-haadredakteur Arend Waninge presintearret de middei. Boekhannel Planteyn is der mei boekferkeap.

Boer Siebe Peenstra (1923-2019) ferbylde nei syn pensjoen syn boerebestean yn skilderijen, dêr’t in seleksje noch oant en mei 30 novimber te sjen is yn de biblioteek fan De Gordyk.

By de lêzing is beheind plak, (fergees) oanmelde yn it foar is ferplichte.
De middei is letter werom te finen fia sa24.nl

Nei de webside →