Op sneon 28 oktober is kultureel festival Liefde voor het water yn Snits. Mei teäter, muzyk, histoaryske skippen en skriuwers dy’t in oade bringe oan it wetter.

Toine Heijmans skreau syn bestseller Op zee en de romans dêrnei yn de kajút fan syn sylboat. Faak mei de marifoanberjochten op de eftergrûn. Hy fertelt oer de frijheid dy’t it wetter him biedt. Mar is dat wol echt frijheid?

Kirsten van Santen swom oeral yn Nederlân en skreau dêroer it literêre swimboek Water pakken. Se nimt dy mei op ferkenning troch de wiete wyldernis en nei de kulturele betsjutting fan it swimmen.

Nikki Dekker debutearre yn 2022 mei Diepdiepblauw, dat eins sawol in roman as in natuerboek as in essay is. Wat kinne we leare oer leafde en identiteit, fan de bisten dy’t ûnder wetter libje?

Ek moai: Sippy Tigchelaar ynterviewt in skippersfrou fan doe en har beppesizzer, dy’t no skipper op de binnenfeart is. Jankobus Seunnenga is der mei gedichten fan J.J. Slauerhoff op muzyk.

Sjoch foar it hiele programma en tickets op:

Nei de webside →