De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2024 is iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 1 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. B. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum, is tafersjochhâlder fan it Rely Jorritsmafûns en hat de organisaasje yn hannen lein fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

De ynstjoeringen moatte foar 1 maaie digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.