Poetry International kent de C. Buddingh’-prijs 2024 ta oan Rozige maanvissen fan Sytse Jansma (útjouwerij Atlas Contact ). Dit waard bekend makke yn it radio 1 programma Een uur cultuur. ‘Deze bundel staat onder stroom, je voelt aan alles dat deze gedichten er moesten komen’, sa seit de sjuery besteande út Joost Oomen (foarsitter), Lisette Ma Neza en Toef Jaeger. ‘Een bundel die je met een brok in je keel achterlaat, zonder kleverig te worden’.

De C. Buddingh’-prijs bekroant it bêste Nederlânsktalige poëzydebút fan it jier en wurdt sûnt 1988 troch Poetry International útrikt. Oan de priis is in bedrach fan 1500 euro ferbûn. Njonken Rozige maanvissen wiene De maan schijnt feller in de Metaverse fan Merel van Slobbe, De richting is richting omleiding fan Bob Vanden Broeck en Indolente fan Dewi de Nijs Bik nominearre.

De sjuery oer Rozige maanvissen:

‘In Rozige Maanvissen wordt een persoonlijk lijden, het plotseling verliezen van een geliefde, verheven tot grootse poëzie. Daar streven natuurlijk meer dichters naar, maar het bijzondere van deze bundel is dat de gehele poëtische trukendoos open wordt gegooid, een trukendoos die de dichter goed kent en uitmuntend weet in te zetten, maar dat de authenticiteit en rauwheid van het verdriet dwars door al die trucs heen schijnt. Je gelooft de dichter wanneer hij, bijna wanhopig soms, alles wat taal kan zijn tot een reddingsboei probeert te maken.’

Sytse Jansma wennet yn Harns en is dichter en byldzjend keunstner. Hy publisearre twa dichtbondels yn it Frysk en syn wurk ferskynt yn literêre tydskriften as De Revisor, de Moanne en Ensafh. Mei syn poëzy siket er faak cross-overs mei oare keunstfoarmen: muzyk, teäter en byldzjende keunst.

Buddingh’ Talent op Poetry International Festival

Op sneon 8 juny stiet Sytse Jansma tegearre mei de trije nominearren Merel van Slobbe, Bob Vanden Broeck en Dewi de Nijs Bik op Poetry International Festival Rotterdam yn de ynterdissiplinêre showcase Buddingh Talent, wêryn’t de fjouwer dichters tegearre mei muzikant Cedric Vermue ta nij wurk komme.

Foarstelling Rozige Maanvissen

Op snein 23 juny presintearret Sytse Jansma y.g.m. Noorderwind Muziekproducties in work-in-progress-presintaasje fan de foarstelling Rozige Maanvissen yn Podium Explore. Dizze foarstelling wurdt dêrnei trochûntwikkele en fertoand by Explore The North festival yn it neijier fan 2024.