Op 2 april is it 100 jier lyn dat Tiny Mulder (1921-2010) berne waard. Tresoar jout de kommende tiid omtinken oan it hûndertste bertejier fan de skriuwster, yn de foarm fan in dossier op literatuerwebside Sirkwy.frl.

Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, mar it langst yn Assen. Doe’t se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Se learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Doe’t Tiny Mulder njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Krekt nei de oarloch kaam se as sjoernaliste yn tsjinst by it Friesch Dagblad en tagelyk hat se doe in skoftlang wurke as tolk foar it militêr gesach. Se hat fjirtich jier, yn dieltiid, by it FD wurke en yn dy tiid ûnderskate fasetten fan it sjoernalistike fak beoefene.

Op it literêre mêd hat Tiny Mulder op in breed front warber west. Se dichte, skreau ferhalen en twa romans, berneboeken, harkspullen en in bondel mei fraachpetearen Hwer hast it wei? (1971). Fierders hat se oersettings makke fan toanielstikken en fan berneboeken. Se die radiowurk, foar de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost) holde se boekbesprekken en se resinsearre lange jierren boeken foar it Friesch Dagblad.

Op 2 april begjint it dossier oer Tiny Mulder op Sirkwy mei in stik fan Abe de Vries oer de reizen dy’t Mulder as sjoernalist nei de oarloch makke yn Kanada. Op 27 maart stie der yn it Friesch Dagblad in artikel oer de reizen dy’t se ek yn Amearika makke, dus beide stikken foarmje in twalûk. Sa skriuwt De Vries yn syn artikel dat 2 april ferskynt: “Mulders transatlantische reis in 1947 had een tweeledig doel: om het vreemde, moderne, commerciële, massale Amerika te laten zien, en om Canada te belichten als een aantrekkelijk land om naartoe te emigreren.”  

Nei 2 april wurdt der geregeld wat nijs pleatst yn it dossier. Ferskate minsken litte har ljocht skine oer it libben en wurk fan de skriuwster. Sa drage studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle gedichten foar, wurdt der in analyze jûn fan de roman Tin iis en wurdt der yngien op har ynset foar de berneliteratuer. Dêrneist wurdt der argyfmateriaal fan en oer de skriuwster jûn, lykas stikken út de oarloch en audiomateriaal út it nije Frysk Audio Argyf.