Writer and translator Baukje Zijlstra spent three weeks in Barcelona in April, a sister City of Literature. There she worked on her new book (working title Diggelfjoer/Alfabetysk labyrint).Here you can read about her plans ahead of the residency. She is now back. In the report below (in Frisian), she looks back on her weeks in the city.

De wurden & De dingen

Yn it ramt fan in skriuwresidinsje wie ik fan 13 april oant 3 maaie yn Villa Joana yn suster-City-of-Literature Barcelona. Dy tiid haw ik brûkt om mei Pytrik Lautenbach en Pier Landman it yn kaart bringen fan libben en wurk fan dada-dichter/keunstner Hannah Tesselschade wer op te pakken, ûnder de wurktitel Diggelfjoer/Alfabetysk labyrint. Sjoen de kwetsberens fan it wurkproses en it wer byinoar bringen fan Pier en Pytrik, haw ik harren tasein dêr no earst gjin meldingen oer te dwaan. Mar ek los dêrfan is it my suver ûnmooglik de ûnderfining fan dy trije wiken yn in tekst ûnder te bringen. Dêrom haw ik mar in pear wurden opfiske, de earste dy’t my yn ’t sin kamen doe’t ik derfoar sitten gie en oan Barcelona tocht, en dêr wat omhinne skreaun. It is wat it is.

De jûnen & De bergen 

De earste jûn bin ik allinnich yn it residinsjepart fan Villa Joana. It museum op de earste twa ferdjippingen is ticht, de húsbewarster hat har weromlutsen yn har appartemint oare kant it portaal mei de read-blauwe glês-yn-leadruten. Omdwalend op de stiennen terrassen dwaal ik tagelyk troch de romtetiid fan dit iuwenâlde hûs. De eftergevel hat in pinakel dy’t útrint yn in lytse draak. As ik in skoft stilsit, fleane de sweltsjes my optein tsii-tsii-end om ’e earen. 

Yn it westen ferriist Monsterrat, in foar de Katalanen hillige berch mei in kleaster. Yn it easten leit in foar my namleaze berch mei in televyzjemêst derop, dy’t yn ’e skimer nei my knypeaget mei syn oangloeiende en útdôvjende ljochtsjes. Dêrtuskenyn leit Tibidabo, de heechste berch fan Barcelona. Op de top stiet in katedraal mei in ûnbidich grut Kristusbyld derop, de earms seinigjend útspraat oer it attraksjepark op ’e flank fan ’e berch. De ljochten fan it reuzerêd knipperje pears en grien tsjin de jûnshimel. 

De sinne slacht fjoer wylst se weisakket oan ’e kant fan Monsterrat. Rage, rage against the dying of the light.

*

De twadde jûn arrivearret M. út Gdansk om healwei tolven hinne. Ik gean nei ûnderen om de izeren poarte foar har iepen te dwaan, mar ferlit it pân troch de ferkearde doar, sadat it alarm oerstjoer begjint te piipjen. De poarte hat in klopper yn ’e foarm fan in oanklopjend hantsje, ynklusyf kanten mansjet en ring mei stien, mei dêrûnder in sirkel fan iepenwurke drippen. M. skynt mei har bûslampe troch de gatsjes (it lêste ein by ús berch op rinst nei sinneûndergong yn it pikketsjuster). De kommende trije wiken sil sy al rinnend en hurddravend, skriuwend en tekenjend de tiid- en romtelagen fan har libben en fan Barcelona ûndersykje: wêr lizze de krúspunten tusken dy beide?

*

De tredde jûn binne wy kompleet: S. út Heidelberg hat nettsjinsteande de fertraging troch in piloatestaking syn wei nei Villa Joana fûn. Hy wurket oan in autobiografyske tekst oer syn jeugd yn it suden fan Israël, dêr’t er opgroeide as soan fan in Bedoeïnesjeik. Doe libben se noch as nomaden yn tinten. Yn ’e begjintiid fan it twongen yn huzen wenjen hiene se de tinte neist it hûs te stean, mei in fjurke deryn om iten op te sieden. 

Dy jûns ite wy foar de earste kear mei syn trijen. Wy hawwe gjin fjoer, wy hawwe in keukentafel. En in Bêd mei in Skiednis, op ’e ferdjipping ûnder ús. Doe’t de Katalaanske dichter Jacint Verdaguer hjir yn 1902 kaam te útfanhúzjen om fan syn tuberkuloaze ôf te kommen, wie er trije wike letter dea. Sa kin in ferhaal ek ôfrinne. Wy meitsje der morbide grapkes oer: as it mei sit sille wy oer trije wike Villa Joana wer ferlitte, yn deselde folchoarder as dêr’t wy yn kaam binne.

Draken & Roazen

De twadde wike is de wike om Sant Jordi hinne, in feest fan leafde en literatuer, roazen en boeken, basearre op de leginde fan Sint Joris en de draak. De jûns dêrfoar hâldt Ali Smith de iepeningsspeech yn Saló de Cent, oer it belang fan lêzen en biblioteken. Folslein oanwêzich, yn har punkbroek en mei har sjongerige Skotske aksint: wat in frou. Wy bûtenlanners krije, nei it ynleverjen fan in ID-bewiis, earkes yn foar de oersetting fan de Katalaanske speeches fan ûnder oaren de wethâlder fan kultuer. Under de lêzing boazet bûten de muorren in protest fan skandearjende biblioteekmeiwurkers oan. Uteinlik is it oeral itselde: wol jild foar prestizjeuze biblioteekgebouwen, dêrnei gjin jild mear foar meiwurkers en boeken. Nei de lêzing steane guon biblioteekmeiwurkers yn ’e gongpaden. Se hâlde buorden omheech mei in sitaat fan Ali Smith derop, oer it belang fan biblioteken foar in demokrasy. As ik wat langer wachtsje moat om myn ID werom te krijen, hellet A. fan City of Literature my op. Ik wit wier wol wêr’t de útgong is, dêr giet it net om. Bûten stiet in hage fan protestearders ús op te wachtsjen. Se drage allegearre it masker fan de wethâlder fan kultuer. Pikefel.

*

De dei sels begjint mei it Sant Jordi-moarnsiten. Hiel literêr Barcelona yt Sant Jordi-gebakjes en drinkt der waarme poeiermolke by. Ali Smith heft it glês mei ús foar de iepeningstoast. P., dy’t ein ferline jier foar in skriuwresidinsje yn Ljouwert wie, foeget har by ús. Wy diele de setting fan de boeken dêr’t wy oan wurkje: de ynternasjonale keunstnersmienskip yn it ynterbellum. Mei ús fiven (M., A., P., S. en ik) meitsje wy in kuier troch de stêd, dy’t besiedde is mei kreamen fol boeken en boekhannelers, skriuwers en útjouwers. Op guon plakken steane rigen en rigen minsken, longerjend nei in hantekening fan harren favorite skriuwer, lykas by ús as der earne in Primark iepen giet. S. keapet foar M., P. en my in roas mei twa ieren, sa’t it heart. De draken yn ’e izeren bankjes by de Ramblas lâns sjogge it goedkarrend oan. As P. en ik de kuier mei ús beiden ferfolgje, loadst sy ús mei al har sjarme ien fan ’e djoerdere hotels fan ’e stêd yn. Trije kear riede wa’t dêr út ’e lift stapt. Al binne de meiwurkers noch dwaande de resten fan it Sant Jordi-feest fan de foarige jûn op te romjen, de tún is in oäze fan rêst. Under iuwenâlde beammen drinke wy in cappuccino. It reint útbloeide blossems op ús hier.

*

De oare deis haw ik in lunsjôfspraak mei P. yn El Picot (de spjocht), rjocht tsjin de residinsje oer. P. jout my in hânmakke boekelizzer mei in draak en in roas derop en de hânskreaune tekst (oerset út it Katalaansk fia it Ingelsk nei it Frysk): ‘Neffens de leginde wurde de reade blommen fan in roazetún berne lykas it bloed fan de fersleine draak.’ 

Wy nimme de tiid, en mear as ien glês wite wyn. De loft is swier fan ’e rook fan seringen. 

It klokkegesicht fan Villa Joana glimket ús goedgeunstich ta. Tsjin dat dekôr posearret P. foar my as wy útiten binne. Sy draacht in pellerine fan drakegrienblauwe fearren, slacht har klauwen út en lit de reek fan har sigaarke troch har noasters ûntsnappe. SMASHING! 

Katedralen & Knikkerts

De tredde wike wol ik allinnich noch mar yn Villa Joana wêze, mei de sweltsjes en de bergen: stilsitte en skriuwe. Oant de lêste dei ta twivelje ik lykwols oft ik noch nei Tibidabo gean sil. Neffens M. en S. is it útsicht fenomenaal, de katedraal prachtich. Wol ik fan tichtby sjen wat my út ’e fierte wei al bêst genôch is? Al in hiel skoft kin ik amper in foet oer de drompel fan in godshûs sette sûnder dat de frouwen fan Boygenius yn myn binnenear trijestimmich ‘Always an angel, never a god’ begjinne te sjongen. Mar doe’t A. ús op in literêre kuier troch it âlde sintrum fan Barcelona in katedraal yn loadste en ik op ien fan ’e houten banken delsakke wie, sieten de triennen my samar ynienen heech. Wie it de hillige stilte, it hillige glês-yn-lead-ljocht, de hillige djipte yn mysels dy’t net langer negearre wurde wol? Yn myn deistige libben fiel ik my hoe langer hoe mear in knikkert yn it ferkearde knikkertspul: ik pas yn net ien fan de gatsjes. Yn Villa Joana is dat gefoel folslein fuortraand.

*

Der wie ris in filosoof dy’t der op syn deistige kuier troch de stêd troch syn assistint op wiisd waard dat de earste zeppelin ever krekt op dat stuit oerfleanen kaam. De filosoof seach net op of om en sei: ‘Dat kin ik my wol foarstelle.’ 

Is in anekdoate minder of mear wier as wat wy no in ‘wier bard ferhaal’ neame? 

*

As ik op myn lêste dei yn Barcelona de izeren poarte mei it oanklopjende hantsje fan Villa Joana efter my tichtlûk en yn ’e wachtsjende taksy stap, rûgelje ik ûnferbidlik werom yn ’e startbaan fan it knikkertspul. 

Wêrhinne? 

Net nei Tibidabo.