De skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper gean mei-inoar yn petear oer fytse en hurdfytse. Geart Tigchelaar fertelt oer syn boek ‘Om’, in psychologyske fytsroman oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline.
Elmar Kuiper fertelt oer syn eigen aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw. Dêrneist sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaar syn psychologyske fytsroman.
It optreden fan Geart en Elmar wurdt ôfwiksele mei muzyk fan muzikant Jan de Vries dy’t dit jier ûnder de namme Keel de CD ‘J.J. Cale in ’t Bildts’ útbrocht, mei nûmers fan J.J. Cale yn it Bilts.
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo’s.
Visit website →