Bliid as in protter kin de redaksje fan Frysk literêr tydskrift Ensafh oankundigje dat fanwegen de nije koroanamaatregels de Grutte Gedichtejûn diskear wer yn it echt plakhat. Ferline jier wie it folslein digitaal, dichters hawwe doe filmkes ynstjoerd, mar dit jier steane der mar leafst fjirtjin dichters yn de IIsherberch yn Dokkum. De poëtyske jûn stiet plend op 4 febrewaris en begjint om 19:30 oere.

De Grutte Gedichtejûn is in soarte fan poëzymaraton, mei’t alle dichters ien fers foardrage. Wat is in poëzyjûn sûnder muzyk? De nedige muzikale ôfwikseling komt dêrom fan it duo Onno en Henderikus.

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret alle jierren de Grutte Gedichtejûn. It is allegearre jierren lyn begûn yn Snits, mar no is it om ’e twa jier yn in oar plak yn Fryslân. De redaksje fan it tydskrift wol sa oan alle dichters yn Fryslân in poadium biede om harren wurk hearre te litten oan in breed publyk.

foto: Geart Tigchelaar