Arjan Hut is sinds november 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sinds januari 2024 Stadsdichter van Leeuwarden. Voor Leeuwarden UNESCO City of Literature schrijven ze elkaar over hun belevenissen.

Lees hier deel 1 (gepubliceerd in ons magazine LETTER, zomer 2024)
Lees hier deel 2
Lees hier deel 3
Lees hier deel 4

Lees hier deel 5
Lees hier deel 6
Lees hier deel 7
Lees hier deel 8


Ha Marrit,

Achter my is in kast ûntploft. It is in ymposant gesicht. It wie in boekekast, ik hie der myn samling dichtbondels yntrôpe. Der koe altyd noch wol ien by. Dat gong goed oant it ferkeard gong. Fragminten poëzij plakke op it plafond, snippers, soms mei in los wurd as ‘slechts’ of ‘april’, falle as snie oer de keukentafel. We ha de kat al in skoft net sjoen.

It begong lang lyn mei in bondel troch Tsjêbbe Hettinga. Dy krige ik fan in langhierige jonge yn studintekafee Wolwêze, omdat ik begong wie oan de dieltiidoplieding dosint Frysk. Myn faam hie ek in dichtbondel, Alles op de fiets fan Kopland. Neat oan de hân, dat wie allegear prima te ‘managen’. 

Foar de boekelist lies ik dichtbondels (net omdat it maklik wie, nee, omdat ik tócht dat it maklik wie) mar dy liende ik út de byb fan de NHL. Der hat dochs in momint west, in brekpunt, dat ik sels dy mysterieuze tinne skriften begong te sammeljen. Ik fielde my in konservator. Boekwinkels en antikwariaten hiene it dreech, ynternet kaam op. Wie ik bondels oan it  rêden út in ferdwinende wrâld? Ik makke fan myn boekekast de Ark fan Arjan.

It rûn fierder út de klauwen doe’t oaren fan myn honger hearden. Och, yn it âlde blok oan de Insulindestrjitte kaam de Fryske oertrûbadoer Roel Slofstra ris op besite. Hy hie in hiele doaze mei bondels foar my. Dy hiene fan Sybe Krol west, syn ferstoarne partner. Ek Sybe Krol wie in dichter, ik liende syn bondel Fossyl fan Fjoer alris út de NHL-byb. Letter kocht ik in eksimplaar foar myn eigen kolleksje. 

Op it nachtkastke lizze (as in boekelist yn 3d) bondels fan Kira Wück, Tsead Bruinja, Louise Glück, Piter Boersma, Erwin Hurenkamp en Lies van Gasse. Ik plôkje hjir en dêr in fers, strún troch oeuvres as wiene it parken fan taal en tinken. Nee, ik ha lang net alle bondels hielendal lêzen.

Ha ik plak foar mear? Nee! Wol ik mear? Ja! Praktysk is it net, mar foar in samler/hoarder is it hearlik. Hoe hasto dat, bisto ek in samler fan boeken of bondels? Krijsto boeken op de jierdei? Kinsto ek sa noflik wenje yn gedichten? 

No sa, ik krij de biezem derby – bid dat ik Purrito weromfyn – en dan begjin ik op ‘e nij. 

Hertlike groet,

Arjan



Arjan!

Wat een heerlijke brief. Eerder een kort verhaal. Zou je die niet eens gaan schrijven? Dan heb je een excuus om bundels met korte verhalen te kopen. Hiephiep! Is alles neergestreken? Is de rust wedergekeerd? Is de kat al terug? Dat is wel het belangrijkste natuurlijk. Ik heb te veel boeken en te weinig ruimte voor nog meer boekenkasten, ik heb er drie, dus wil ik eigenlijk boeken op mijn vensterbank gaan pleuren zodat de mensen op straat ook zullen denken dat ik een intellectueel ben of bewonderend zullen kijken en weten: daar woont een schrijver, een echte één! Voornamelijk hoop ik dat het hen aanzet tot lezen of tot lichte schaamte omdat ze nooit lezen en het er wel erg aanlokkelijk uitziet, een vensterbank vol met boeken. Net als met de limonadeboom van Pippi Langkous, daar zou ik wel een tijdje in willen wonen, jij? En dan ook direct een kom spijkersoep, wat zag dat er heerlijk uit. Ik heb verscheidene soorten boeken maar ik heb mijn boekenkasten wel ingedeeld op indruk maken. De literaire meesterwerken staan bovenin voor als er ooit een televisie-interview in mijn huis plaatsvindt. Gelukkig vind ik deze zelf ook de beste, dat scheelt regelmatig bukken. Verder nog nieuws Hut? Hoe hangt de vlag erbij? Is je laptop alweer gemaakt? Heb je het nog naar je zin als dichter van de provincie? 

Oant sjen!
Marrit