Arjan Hut is sinds november 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sinds januari 2024 Stadsdichter van Leeuwarden. Voor Leeuwarden UNESCO City of Literature schrijven ze elkaar over hun belevenissen.
Lees hier deel 1 (gepubliceerd in ons magazine LETTER, zomer 2024)
Lees hier deel 2
Lees hier deel 3
Meneer Hut!
Ik leef nog hoor. Dat weet jij, want terwijl ik het begin van deze brief tik zit je naast me, maar de lezer denkt misschien wel dat wij ondertussen hartstikke dood zijn want ze hebben nogal lang moeten wachten op onze nieuwe briefwisseling. Mijn schuld hoor, heerlijk om dat ook eens te kunnen zeggen, want ik zat lekker in Spanje. Palmbomen, zee, rotsen, tapas, woorden, heerlijk in mijn eentje. Ik moest er even uit. Even weg. Even niets. Ik ben eindelijk begonnen aan mijn roman en hoewel het heerlijk is dat mijn brein niet meer zo gefrituurd is maar bijna weer naar behoren functioneert moet ik niet vergeten dat er nog een wereld buiten het papier bestaat. Een wereld waarin ik jou een brief moet schrijven bijvoorbeeld. ‘Is het een virus of ben ik overspannen?’ vroeg jij je af. Tsja. ‘Is het astma of is het angst?’ vraag ik me wel eens af. Ik kijk nu naar je en je ziet er wel uit alsof jij ook even een maand in Spanje moet vertoeven. Weg met de wallen, weg met de bleekheid, weg met de astma! Ik ben geloof ik met van alles bezig, nee zonder gein, er loopt van alles, maar daar wil ik het pas in de volgende brief over hebben, die overig wel snel volgt, ik beloof het hierbij plechtig. As I type hebben we net een mooie klus afgerond en ik moet zo belletjes plegen en mailtjes sturen om mijn aankomende projecten het startschot te geven. Echt, er komen weer heel veel leuke activiteiten aan.
Ik leef wel in mijn boek, maar het Stadsdichterschap draag ik nog vol enthousiasme. Ik zit vol plannen en het loopt nu allemaal lekker. Het eerste jaar zit erop en ik heb hele mooie dingen mogen doen als Stadsdichter (twintig, ik heb het geteld!) en we gaan lekker door. De auto is weer gestart, ik kan gaan rijden en het voelt alsof deze auto past.
Wat ben jij eigenlijk allemaal aan het doen? Schrijf je ook een boek of verklaar je me voor gek? Hoe gaat het met jouw rol als dichter van Fryslân? Ben je net zo blij als ik?
We aten net taart en het is mooi en het is goed.
Hut, ik houd van samenwerken met jou. We gaan een mooi tweede jaar tegemoet.
Het allerbeste en oant sjen,
Marrit
PS: Je vroeg me wat men zou moeten eten tijdens een spoken word avond. Lichte kost lijkt mij, iets als soep, omdat de woorden vaak al zwaar genoeg vallen. Ik houd van soep en van spoken word. Laat dat duidelijk zijn.
– – –
Frou Jellema,
Reizgje doch ik foaral yn de holle. Al soe it wol moai wêze, mei de trein nei Istanbul of fan it iene nei it oare Kaapverdyske eilân hoppe. Foarearst kom ik de provinsje hast net út. Ja, nei Grins, mar dat is dochs in soarte fan reserve-Fryslân.
Do hast gelyk, de pûden ûnder myn eagen sleepje suver oer de grûn, mar it sintsje komt der stadichoan wer troch, de tsjusterste dagen (kwa waar teminste) binne foarearst foarby. Tiid om fereale te wurden – of yn de tún oan de gong, dat mei ek.
Ferline wike ha ik de biografy oer dichter Jacobus Q. Smink lêzen. Sa bist in jonge fint fol enerzjy, in pear haadstikken letter rinst achter de rollator. Sûnt novimber ha ik al trije kear sa min west dat ik ôfspraken ôfsizze moast. Firus of oerspand? Of ik wurd âld, kin ek.
Ja, it is moai om tegearre guon fan ús aktiviteiten út te fieren. Ik ha it troffen mei dy. Meikoarten nei de byb yn Dokkum! Dêr wie ik fannemoarn al, om te workshoppen mei groep 5 fan De Tijstream út Holwert.
De moaiste gedichtsjes fan de bern typ ik út op myn reade Olivetti Valentino. Ik set de namme fan de dichter der yn pinne ûnder. Dan moat ik wol freegje hoe’t ik de namme skriuwe moat, want de staveringen wurde hieltyd eksoatysker. Der siet ek in ‘Marrit’ yn groep 5. Ik frege ‘mei ien of mei twa kear in r?’ (Do seidest dat minsken dêr gau de fout yn geane). It wie mei twa kear in r, mar ek mei in y en th oan de ein!
Ik bin benijd nei hoe’t dyn boek wurdt, en oft dyn ferbliuw yn Malaga foar Spaanske ynfloeden soarge hat? By myn skriuwerij hat de omjouwing faak in grutte ynfloed. Op de boat werom fan Skylge rekke ik ynspirearre troch gedichten fan T.S. Eliot en M.Vasalis (altyd wat te lêzen mei, dochsto dat ek?). Miskien dat ik myn folgjende bondel wol útbring as A.J. Hut.
Safier is it noch lang net. Earst komt der noch in blomlêzing, mei de favorite gedichten fan my en alle oare Dichters fan Fryslân. En in útstalling fan omslaggen (‘covers’?) fan hûndert jier Fryske dichtbondels. Wêrom? Omdat in plaatsje mear as tûzen wurden seit. Yn ien eachopslach in hiel ferhaal belibje. Fan de roaring oant de rotting twenties ….
Oant safier, oant sjen, no sleep till Dokkum!
Arjan