Teatermakkers Romke Gabe Draaijer, Eline de Vries, Sjoerd Blom, Raymond Muller, Brecht Wassenaar en Ira Judkovskaja binne mei-inoar De Prutsers. Al ymprovisearjend en prutsend sykje se nei nije teaterfoarmen. Mei de toanielklassiker Trije Susters fan Tsjechov as basis spylje se dizze simmer yn teetunen en op oare bûtenlokaasjes fan Fryslân. Se spegelje har eigen emoasjes, har ferlet fan it ferbûn wêzen, it neilibjen fan dreamen en it nijs fan de dei oan de trije susters. Elke spylbeurt is unyk en hat syn eigen uteringen.

Bezoek website →