Op freed 5 maart om 16:00 oere is op it YouTube-kanaal en op de Facebook-side fan de Afûk de boekpresintaasje fan Geart Tigchelaar syn nije roman Om te sjen. Der binne gastoptredens fan Jan de Vries en Elmar Kuiper.

Oer Om

Geart Tigchelaar en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn dit boek hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Geart Tigchelaar (1987) is skriuwer, dichter en oersetter. Foar syn poëzydebút leech hert yn nij jek (Hispel 2016) wûn er de D.A. Tammingapriis, en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek (2015) de Obe Postmapriis. Syn foarige roman Bêste Jonge (Afûk 2016) waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis.

Wa’t Om keapet yn de Fryske Boekewike (6-14 maart) krijt it Fryske Kadoboek Lockdownleafde fan Hilda Talsma der fergees op ta.

en op de FB-side fan de Afûk.