De skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper gean mei-inoar yn petear oer fytse en hurdfytse. Geart Tigchelaar fertelt oer syn boek ‘Om’, in psychologyske fytsroman oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline.
Elmar Kuiper fertelt oer syn eigen aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw. Dêrneist sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaar syn psychologyske fytsroman.
It optreden fan Geart en Elmar wurdt ôfwiksele mei muzyk fan muzikant Jan de Vries dy’t dit jier ûnder de namme Keel de CD ‘J.J. Cale in ’t Bildts’ útbrocht, mei nûmers fan J.J. Cale yn it Bilts.
Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.
Fergees tagonklik, reserveare is net nedich. De seal is in healoere foar oanfang iepen.
Bezoek website →