bodhi svaha

Sylke Kingma (1998) is een Friese schrijfster, geboren in Steenwijk en opgegroeid in het dorp Ried. Ze studeerde maatschappelijk werk in Leeuwarden en ze blijft haar expertise binnen dit vakgebied verdiepen en verfijnen. Haar werk als begeleider vormt een belangrijke bron voor veel van haar poëzie.
Ze probeert de worstelingen die horen bij de menselijke ervaring vast te leggen, te verwoorden en verder te onderzoeken. Deze existentiële spanningen vormen vaak de kern van haar werk, en vanuit een holistisch perspectief wil ze anderen inspireren en motiveren tot verbinding. Haar grootste inspiratiebron ligt dicht bij huis: het landschap, de Waddenzee. Sinds 2024 is Sylke medeorganisator van Diele fan it Waad, een jaarlijks poëzie-initiatief dat de relatie tussen mens en land belicht. 

bodhi svaha

tawijing is de wyn dy’t my driuwt
ûnder myn wjukken fan djipread
ferkleure troch ierde en sinne
bedreaun yn loftlêzen en God wit
wêr’t ik thúskomme sil

yntergenerasjonele oerdracht
is myn fertroud kompas, heit
fertelde my ea dat minsken
gewoan dôve bisten binne
dy’t de wyn net mear hearre

giftige krûddampen fan jim
spulboerd sweve myn kant op
treastlike rêst fan eastlike siel
driuwt fuort wylst fertroud gefoel
fan driging my de ieren ynkrûpt

ik learde dat bestean ôfstimming is
de yllúzje fan kontrôle te trochsjen
sûnt hâld ik net mear fêst, stilstean
yn samsara fan tij en slyk
troch gewoan mei te bewegen

it hat nea myn ambysje west
de wrâld nei myn hân te setten
fearkrêft as foarm fan respekt
yn ’e oanhâldende ferskowings
wol ik net sykje, inkeld fine

thálasa! thálasa!

de bazunen skalle foar myn
deldonderjen as foarjiersheraut
hjoed ferwolkomje jim my blyn
foar wêr’t ik wei kom, kâld
foar wêr’t ik nei ta sil

as figurant yn jim toanielstik
stean ik in fraksje op it poadium
mar ik bin net op ’e wrâld set om jim
ôf te lieden fan selsmakke ûnheil
ik sil jim net mear warskôgje

rêstich beweech ik fierder
de fasade oanskôgjend oant
jim net mear trochspylje kinne
oerjaan moatte oan ienfâld
ienheid yn libben en oerlibjen

as jim aanst op it kearpunt komme
God op ’e knibbels smeekje om
sûne grûn foar jim bern, stilje dan
jim geraas, harkje earst mar ris
nei de hymne fan de wyn

gate

gate

para gate

parasam gate

bodhi

svaha

Inhoud