Tekst: Omrop Fryslân


“Har wearde foar de Fryske literatuer hat enoarm west”, dat seit útjouwer Ernst Bruinsma oer skriuwster Aggie van der Meer. Sy ferstoar sneon 12 augustus yn de âldens fan 95 jier.

“Van der Meer wie in frou mei in protte humor. Har hiele libben seach se ferwûndere nei de wrâld”, fertelt Bruinsma. “Se stelde altyd fragen en hie in krityske blik.” Van der Meer wie aktyf yn de Vredesbeweging en wie in “kritysk lid” fan de katolike tsjerke.

‘Oars as oaren’

Neffens Bruinsma wie Van der Meer in skriuwster oars as oaren. “Har boeken wienen net hiel tagonklik, se folge har eigen styl. Kritisy fûnen har wurk net persoanlik genôch, mar dat koe har net folle skele, it wienen ideeëromans.”Van der Meer har wurk hold neffens Bruinsma it midden tusken poëzy en proaza. Pas doe’t se âlder wie, begûn se mei skriuwen. “Mar har hiele libben hat se fol fantasy en ferhalen sitten. Se hat ek wol skildere en tekene, dus de kreativiteit hat der altyd wol yn sitten. Pas letter frege se romte foar papier en pinne.”

Prizen

Foar har folsleine wurk krige Van der Meer yn 2019 de Gysbert Japicxpriis. Foar De Oerfeart hat se ek de Piter Jellespriis wûn. “Soms binne der skriuwers dy’t net in grut publyk fine, mar wol hiel bot wurdearre wurde. Aggie wie der sa’n ien”, stelt Bruinsma, “Har wearde foar de Fryske literatuer hat enoarm west, dus ik hoopje dat har wurk lêzen bleaun wurdt”, seit de útjouwer. “Lêze is in tiidwurd, je moatte der dus tiid foar nimme. As je der muoite foar dogge, belibje je prachtige aventoeren.”