De nominearren fan de dr. Joast Halbertsmapriis binne bekend. In ûnôfhinklike sjuery selektearre út mear as 200 wurken fiif kânshawwers foar dizze provinsjale priis. De sjuery draacht úteinlik in winner oan Deputearre Steaten foar. Op 9 maart wurdt de winner bekend makke.
De fiif nominearren binne:
- Piter van Tuinen / Salus iuventutis suprema lex : Het welvaren der jeugd de hoogste wet; De Friese Latijnse scholen 1588-1699.
- Alpita de Jong / Joost Halbertsma 1789-1869; Een biografie.
- Jelle Krol / Minority Language Writers in the Wake of World War One.
- Yme Kuiper en Sjoerd Cuperus / Dekema State Jelsum; biografie van een landgoed.
- Gosse Blom en Siebren Dyk / Great Hylper Wordeboek.
De sjuery hat der fan ’t jier foar keazen om boeken te nominearjen dy’t yn ‘e geast fan de njoggentjinde-iuwske gelearde Halbertsma skreaun binne. De sjuery hat in shortlist gearstald mei dêrop in wurdboek, in ferlykjende literatuerstúdzje, in skiednis fan learde Fryske jongfeinten, in beskriuwing fan in adellik Frysk bûten en de biografy fan Halbertsma sels. Dêrmei is neffens de sjuery de breedte fan it ûndersyk fan dr. Halbertsma goed fertsjintwurdige.
Op 31 maart sil de offisjele útrikking yn de Sint Pitertsjerke fan Grou, it berteplak fan dr. Joast Halbertsma, wêze.
Dr. Joast Halbertsmapriis
De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. De priis is yn 1947 ynsteld en wurdt ien kear yn ‘e fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan € 10.000,- en kin takend wurde foar in wurk, mar ek foar in oeuvre. De útrikking fan de priis is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert en RUG Campus Fryslân.