Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Is hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.

In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne. In kursus dêr’t wy skriuwe, mei pinne en papier!, noch mear skriuwe en oan inoar foarlêze mei wille.

Ynformaasje
– De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza foar de doelgroep bern
– Data: woansdei 2 novimber, 16 novimber, 30 novimber en 14 desimber fan 19.00 – 21.00 oere yn Tresoar te Ljouwert
– Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
– Doelgroep om foar te skriuwen: fan 4 oant 12 jier
– Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo en in opdracht
– Kosten € 75,00
– De fiertaal is Frysk
– Opjefte foar 20 oktober by ynfo@tresoar.nl