• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
27
Ate de Jong
29
Fien Veldman

Lêze is kieze, lêze is garje

Door André Looijenga

Deze tekst kon je online Samenlezen met de Culturele Apotheek
Ook Samenlezen? Kijk hier voor locaties bij jou in de buurt!

 

De fracht oan pûden en tassen dy’t ik hjirhinne meitôgje. Boeken, bôle, laptop, útprintsels, boeken, drinken, ekstra skuon en klean, noch mear boeken. Under dizze houten oerkaping, lâns dit skjin mitselwurk rinnende, fielt alle bagaazje sa mispleatst as razen en flokken. Tichte houten doarren mei grize lateien. In rjochthoek mei oan trije kanten pandutsen galerij. De gong yn in L-foarm oan it hege liif fan in weropboude kophalsromppleats. It tinne ljocht fan stille hjerstmoarntiid. It is in kleasterhôf, yn plan en foarm klassyk as wie it let-antyk Italië, tagelyk as in krekt oplevere Deenske folkshegeskoalle sa ynholden-modern. Nij is it hjir yndie. Fan ’e sydline ôf haw ik meimakke hoe’t hjir yn koarte tiid in fersutere pleats ta in nij kleaster omboud is. Sûnt it Westerhûs yn bedriuw is, haw ik al in pear kear om ’e doar sjoen. Hjoed, in tiisdei ein septimber, sil ik hjir foar it earst in deiskoft te gast wêze, ik mei myn tefolle boeken.

Mar, moai dat jo even mei my oprinne, leave lêzer. Ik tocht, ik briefkje jo ris oer wat ik by de ein haw. Ik sil hjir in gastekeammerke yn, om yn ôfsûndering oan it wurk. Ik wurkje oan myn dissertaasje. Oare wike sil ik in praatsje hâlde yn Kiel, en dêr moat nochal wat oan gebeure.
Dat en sadwaande hjoed it kleaster yn. Mei sin de tillefoan yn de auto litten. De wifi wol ik net witte. Ik haw mysels dizze klausuer oplein, gehielûnthâlding fan it ynternet. Want lied ús net yn blyn scrollen, trochklikken, as wy bin yn byldskerms macht.

Oant healwei tsienen ta is de regel hjir stilte. Ik lis myn boekebrot út op it bêd. Yn myn notysjeskrift skriuw ik de dei-oarder oer en myn foarnimmens derûnder.
By it bûthús wurdt de klok let. De pinne dellein, rin ik troch de kleastergong, swijend de pleats yn, in stik as wat keamers troch nei it foarhûs. De kapel is yn de âlde molkenkelder, koel as in krypte, ûnder in rjemmekleurich ferwulft. Ik gean sitten op in kessen, knik de oaren ta. Kearsen baarne dêr’t eartiids faaks de bûteraden stiene. No is it in soarte fan alter, mei ek in ikoan en in Koptysk prosesjekrús. De oanwêzigen wolkomhjitten, begjint de tsjinst mei in liet.
‘Iepenje myn ferstân foar Jo goedens. En reitsje my oan.’
Eagen, earen, ferstân, hert en siele, – oerwaagje ik de opbou fan de iepeningsbea. De empiryske en de sensitive kant fan ús minske-wêzen, it rasjonele, kognitive dêr’t wy as minske meastentiids op ynsette, en faaks úteinlik in nivo dat tagelyk djipper en heger rikt as de eagen, de earen en it ferstân.
Der wurdt foarlêzen, der wurdt stil bleaun, de hannen gear. Ik lês mei: ‘De Rots, hy komt / mei sêfte hannen, om te treasten.’ Psalm 62, yn in parafrase troch Huub Oosterhuis, – in metafysyske gearfetting fan wat yn it Hebriuwsk al as bergen sa hege metafoaren wiene.
De skriftlêzing fan de tiisdeitemoarn is út de Berchrede, Jezus syn wurden oan syn folgelingen. De fûgels dy’t net hoege te siedzjen, te rispjen en yn skuorren te garjen. De leeljes op it fjild sa moai makke, dy’t net spinne of skreppe. It bekende ‘sit net yn noed oer de dei fan moarn’.

Nei de kofje bin ik wer yn it keammerke. Ik sykje Mattheus 6 op yn myn testamintsje Graece et Latine, lês de tekst fan niis troch, meipreuveljend earst it Latyn, dan it Gryksk. Respicite volatilia caeli. ‘Sjoch op nei de fûgels fan ’e himel.’ Emblepsate eis ta peteina tou ouranou. Twa fersen dy’t derút kypje skriuw ik oer yn it oarspronklike Gryksk, yn de antike Latynske oersetting, en dan myn eigen Fryske werjefte dêrûnder. Tsjin dy fûgels oer wurde yn fers 26 fuort de minsken set, yn it Gryksk: ‘ferskille jimme net tige fan harren?’; yn it Latyn sels: ‘jimme binne dochs folle mear as syen?’. Sa likernôch. Dêr sit oars wol byt oan kwa ekokrityk. Dan daalk troch nei it net yn noed sitten oer moarn yn fers 34, dat slút alles oars as soargeleas ôf, as ik lês: Arketon têi hêmeraai hê kakia autês. ‘De dei hat genôch oan syn eigen kakía, syn eigen malitia…’ Alle dagen wer is der genôch oan minne setten fan ús as minsken, genôch oan ûnrjocht, kwea, misdied, swierrichheden, lêst en lijen.
   
Faaks liket dit, leave – oant no ta geduldige – lêzer, jo wol in hiel partikulier lyts momint fan gelok ta, om sa in tekst nei te sykjen, oerskriuwend oer te eidzjen. Sit menear hjir wat te moai-eagjen mei syn deade talen. Ja yndie dat docht er, en dan noch oare oersettings fan itselde stik derneist, de wurdboeken, skielk ek de synopsis en kommintaren.
It is it lêzen. Net lêze as ferstruiïng, as tillevyzje op papier. Net om’t de boekhannel it op ’e bestsellerdisplay leit. Mar it lêzen as wat wêzentliks, as sinjouwing. Ja sels, in konsintrearre, in djip lêzen yn de – ferjou it my – eksistinsjele striid om ús oandacht, om ús ferstân, om ús hert en siele.

Itenstiid, bôle yn ’e keuken mei de oanwêzige kleasterlingen:
‘Altyd moai, dy lêzing oer de fûgels en de blommen op tiisdei,’ hâldt ien fan de ynwenjende dûmnys út. ‘Us heit, dy libbe ek dêrneffens. Dit wie echt syn tekst. Wy hiene it ek as lêzing by syn begraffenis.’
‘Ja. Mar ja, moai … De fûgels dy’t har gjin soargen hoege te meitsjen, dy’t fuorre wurde troch de Hear,’ bringt syn frou tsjin him yn. ‘Klinkt moai, mar ik herken dat net hjir om ’e pôle. Fûgels binne altyd oan it oerlibjen. Lêsten hielendal mei ynienen de kjeld. En hoe’t op sommige plakken mei de minsken ek … Nee, ik fyn it toch echt in ûngemaklike tekst.’

Werom op ’e keamer oan de presintaasje foar Kiel. Lês wat om yn kopyen fan myn boarnemateriaal, 17e-iuwske literêre teksten út Fryslân. Soad bibelske stoffe om even nei te rinnen. Skriuw oer út Gysbert Japix syn ferzy fan dat Psalm 62: gjin sêfte hannen, wol iz Hy ommers myn rotz’ myn seyn’. It is as bringt sok fertraagjend lêzen en oerskriuwen my neier oan de 17e-iuwers har herten en sielen.
In formulearring út likernôch dyselde tiid lies ik okkerlêst, yn it Anglikaanske Book of Common Prayer. As oantrún om de Skrift te lêzen, teksten fan duorjende wearde, trof my dêryn in fiifslach fan tiidwurden: hear them, read, mark, learn, and inwardly digest them. Sa is it, wrâld-sûnder-ein.

Hawar, om dit alles inwardly te digest’en moast ik mar even te kuierjen, de jister troch, it betonpaadsje út.
It is fansels neat nijs wat ik útfûn haw. Ik moat tinke oan in besite oait yn in Brabânsk doarp oan in kompleks dat foarhinne in ôfsletten frouljuskleaster wie. De wenmienskip waans hûs it no wie, hie ien keamer as biblioteek ynrjochte mei de boeken en paraminten dy’t de nonnen efterlitten hiene. Dêr wie in kast fol brune en blauwe skriftkes. De susters hiene dy, ûnder harren lêzend meditearjen, yn kreas skoalhânskrift folskreaun mei bibelsitaten, úttreksels út stichtlike wurken, harren geastlike refleksjes en gebedsyntinsjes. De froulju wennen dêr net mear, faaks wiene se allegear sûnt desennia wei, en útsoarte lies gjin minske hjir oait noch wat hja út boeken mei de geast opheind hiene, – en dochs bleau dy kast mei de fergielde skriftkes dêr as monumint foar de slotsusters har ivich bestean, harren ûnwrâldske skreppen efter hurde muorren.

Underwilens lâns it paad de hjerstblommen yn it rûge gers, noch even yn ’e bloei oant de nachtfroast se útdôvet. Planten om te blomlêzen, en sa meänderje ik nei ús tiidwurd ‘lêze’ en syn Latynske wjergader. Dat hat in rom semantysk fjild: legere is net allinne in tekst ‘lêze’, it is dêrneist sawol dingen ‘útkieze, selektearje’ as dingen ‘sammelje, by-inoar bringe’ – hannelings dy’t op inoar folgje; jo ‘garje’ ommers noait sa mar alles (hoe’n soad jo ek kolleksjonearje), mar dochs altyd wat dat jo ‘útkeazen en opheind’ ha. Dêrby komt dat jo yn it Latyn ek in tou ‘lêze’ (oprôlje) kinne, de seilen ‘lêze’ (ophysje), ja sels in kust ‘lêze’ (bylâns farre), in lân ‘lêze’ (trochreizgje) en oarmans guod ‘lêze’ (stelle). Uteinlik is it wat opkrije om mei te nimmen.

Dan, leave meikuierjende lêzer, sjogge wy om.
Wy lêze dêr foar ús it Westerhûs, – op distânsje fan de trochdewykse wrâld, in pleats oan ’e ein fan in bochtige reed, ekologysk boud en smaakfol ynrjochte, in wengroep fan aardige, ûntwikkele lju. Dêr’t de kat slûget, de hinnen te iten krije yn harren kleasterke yn ’e appelhôf, en elke bakstien mei oandacht dellein is.
No koe ik tsjin jo trochpreekje oer ús geastlik lêzen as wapen. Oer de striid om radikaal ús minsklik talint foar oandacht werom te winnen. Mar dêroer krije jo oare kear wol in brief. No earst sa.

Jûns tsjin tsienen ûnder yn ’e kapel de kompleten, guon sitte ûnder tekkens. ‘De dei hat genôch oan syn eigen kwea,’ wurdt der sprutsen.
En as hast lêste wurden bidden: ‘Jou frede mei wat net ôf is.’

Oentsjerk & Hilaard, desimber 2024

André Looijenga

André Looijenga (1982) is classicus, cultuurhistoricus van talen, docent, vertaler en schrijver. In 2017 won hij een Rely Jorritsmaprijs voor poëzie, en in 2023 verscheen zijn dichtbundel Fuortsjefinne: fragminten. Hij heeft antieke bronnen over de Friezen vertaald voor het boek Meelijwekkend volk (2017) en was een van de samenstellers van Swallows and floating horses: an anthology of Frisian literature (2018). Bij de Fryske Akademy doet hij een promotieonderzoek naar Friese literaire teksten uit de 17e eeuw. Fries schrijven is voor hem een bewuste keuze. Terugkerende thema’s in zijn proza en gedichten zijn het verleden, het reizen, religie, identiteit en de taal zelf.

 

Foto: Hindrik Sijens

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}