Skriuwer Anne Feddema docht mei oan ien fan de projekten fan kulturele haadstêd Galway, dêr’t de Afûk as partnerorganisaasje by belutsen is. Óró hjit it stik. It is Gaelysk, mar wat betsjut it eins? ‘It is in kreet, in soarte fan oanmoediging. It komt ek foar yn in ferneamd Iersk rebelleliet’, leit Feddema út. Wendy Kennedy spruts Anne Feddema: “Ik haw oan ’e ein fan ’e dei de ein yn ’e bek”. Dochs soe Feddema dit foar gjin goud misse wolle.

Feddema is ien fan de tsien dielnimmers oan it projekt. It binne keunstners út gebieten mei in minderheidstaal en elkenien wurket yn syn eigen taal. Der komt dus fan alles foarby, sa as it Baskysk, it Skotsk-Gaelysk, it Frysk en fansels it Iersk-Gaelysk. ‘Der sitte ek echt grutte nammen tusken, sa as Liam Ó Maonlaí’, fertelt Feddema. ‘Neffens Bono fan U2 is dat de grutste soulsjonger fan de wite wrâld.’ Fierder komme alle dissiplines oan bod, sa as muzyk, poëzij, byldzjende keunst en dûns. “We besykje in grut part fan de foarstelling sûnder taal te dwaan, sa byldzje wy ek saken út, meitsje we muzyk en dûnsje we.”

Dûnsjen

Feddema is bekend mei ferskate dissiplines, mar it dûnsjen stiet it fierst fan him ôf. “It is net sa dat ik yn myn atelier stean te dûnsjen.” Dochs giet er der hielendal foar. It begûn mei digitale dûnslessen fia Zoom. “We diene it gewoan. Ik stie yn Fryslân te dûnsjen, de oar yn Dublin. Ik tocht doe wol: oei wat wurdt dit? Draait it allegearre om dûns?” Hy fynt it wol pittich. “We meitsje lange dagen en bealgje as in idioat. Oan ’e ein fan ’e dei bin ik bliid dat ik op myn keamer bin. Ik haw dan seare poaten fan alle klappen fan it dûnsjen.”

Lês it folsleine ynterview op de webside fan de Afûk

Foto: CCoE 2020 Galway