In ynterview mei Nynke Laverman, it deiboek fan in teätermakker, proaza fan Joost Oomen en Eppie Dam oer Johan Haanstra: it is mar in greep út de 68 siden tellende winteredysje fan de Moanne. Lekker lêsfoer foar yn de krystfakânsje, in wintersliep en de lockdown 2.0.

Haadredakteur Amarins Geveke en einredakteur Tialda Hoogeveen steane yn ‘e mande mei in entûsjaste redaksje oan it roer fan de Moanne, in breed en kreatyf poadium foar aktuele en beskôgjende bydragen oer keunst en kultuer yn Fryslân. De kommende jierren set de Moanne yn op nij talint, de Fryske taal en identiteit, debat en maatskiplike tema’s. Yn print, online en live, yn it Frysk èn yn it Nederlânsk.

Mis neat

De lêste printedysje fan dit jier falt yn de wike fan 21 desimber op ‘e matte by abonnees en is te krijen fia de webwinkel fan de Moanne en yn/fia de boekhannel. It is ek mooglik in (proef)abonnemint op de Moanne te nimmen en daliks it winternûmer te ûntfangen.