Komponist en tekstskriuwer Peter Sijbenga krige yn 2018 fan it Noord Nederlands Orkest (NNO) de opdracht om in Fryske fersy te meitsjen fan de Matthäus Passion, it ferneamde oratoarium fan Johannes Sebastian Bach. No’t der yn dit jier foar de twadde kear op rige gjin ‘gewoane’ Matthäus Passion-útfieringen binne, sjogge wy graach werom op 2018.

Bach hat de Matthäus Passion om 1736 hinne komponearre. It oratoarium fertelt it ferhaal fan it lijen en stjerren fan Jezus, lykas syn freon en folger Matthäus optekene hat. Peter Sijbenga sei yn 2018: “Ik sil oersette en net bewurkje of by de tiid bringe. Dat betsjut net dat ik Âld-Frysk brûke sil, mar wol dat ik foar it wurdbyld en de ynhâld sa ticht mooglik by de Urtext bliuw.” De Dútske tekst lit him goed yn it Frysk oersette. De linigens yn lûden yn it Frysk sit tichter by it Dútsk as by it Nederlânsk. Sijbenga: “It is ek noflik dat der grammatikaal-idiomatyske oerienkomsten tusken it Frysk en it Dútsk binne. Sa wurdt yn beide talen deselde wurdfolchoarder brûkt.”

De Fryske Matthäus Passion waard yn 2018 útfierd troch it Noord Nederlands Orkest en it Noord-Nederlands Concertkoor, oanfolle mei Fryske sjongers. Marcel Mandos, artistyk lieder en programmeur fan it orkest yn 2018 sei doe: “LF2018 is een mooie gelegenheid om nog eens te laten horen dat het NNO een Friese voorouder heeft, namelijk het Frysk Orkest”. De Fryske Matthäus Passion wie ûnderdiel fan Lân fan Taal, en dêrmei fan it haadprogramma fan LF2018.

Omrop Fryslân makke yn 2018 in FryslânDOK oer de Fryske Matthäus Passion.