Snein gie op Omrop Fryslân TV de lêste fan in seary fan sân poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze lêste poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.
Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier waarden der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.
Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingelsk: David Colmer. Kamera en montaazje: Herman Zeilstra.
Freed 12 novimber wurdt de nije Dichter fan Fryslân beneamd.