Fan de dichtbondel Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut is in twadde printinge ferskynd. De bondel, dy’t
foar it earst útkaam yn 2023, waard skreaun yn de perioade dat Hut Wâlddichter wie fan de
gemeente Achtkarspelen — in tiid fan coronalockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan
de Delistrjitte, by Tresoar, yn ’e trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn ’e bus nei
Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op ’e camping yn De Pomp.

As in knipperjende tried rint it tema tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te
manipulearjen. ‘Wie it mar wer as froeger’, bromt in man op it terras. Op De Feanhoop rint in klok
fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch
de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te
sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers
wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en dy liket op in bijekoer. Yn it
poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

Ien tel de ierde stil is de sechsde dichtbondel fan Arjan Hut. Lêzers priizgje de krêftige byldspraak, de
emosjonele djipgong en de ferrassende tagonklikheid.

De parse oer de bondel: ‘Yn in skitterende styl, dêr’t perspektyf en tiid oan ien tried wei ferspringe,
observearret de dichter skerp’. (Albertina Soepboer, LC 06-09-2023)

Sûnt 2023 is Arjan Hut Dichter fan Fryslân. Yn dy rol set er him yn foar poëzij, ûnderwiis en literêre
projekten yn ’e provinsje.