Tryater en Wittermans Producties reizgje meikoarten mei Vader & Zoon troch de provinsje. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling, dochst mei oan in skriuwworkshop en meist úteinlik dyn wurk presintearje yn in profesjoneel opnommen podcast.

Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans ek dizze foarstelling. No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?

Watst dwaan silst

De tekst foar Vader&Zoon is skreaun troch seis ferskillende skriuwers. Jan Veldman (ien fan de seis skriuwers en dramaturch) en Liesbeth Coltof (regisseur) hawwe op keunstige wize dy ferhaallinen mei elkoar ferflochten ta ien ferhaal. Troch dizze wurkwize krijt it ferhaal faak nuvere wendingen en krije de personaazjes nuvere karkatereigenskippen. Dit wurdt ek wol ‘idiosynkrasy’ neamd.

Tryater wol graach mei dy dizze skriuwtechnyk ûndersykje. Proazaskriuwers, dichters, toanielskriuwers, spoken-word artists sille neidat se de foarstelling besjoen hawwe mei elkoar oan ‘e slach om ta in dialooch te kommen tusken in heit en in soan. Ynterdisiplinêr en meielkoar skriuwe dus!

Wat foar dy?

Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling en silst mei in groepke oan ‘e slach om in nijsgjirrige dialooch/sêne te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teater? Fynst it leuk om oare skriuwers te moetsjen? En stiest iepen foar publyk? Dan giet Tryater graach mei dy oan ‘e gong.

Oanmelde

De foarstelling is op woansdeitejûn 6 oktober (try-out) yn it gebou fan Tryater. De workshop is op woansdeitejûn 20 oktober, ek by Tryater. Wês der gau by, want der kinne maksimaal 9 skriuwers meidwaan.

Meidwaan? Jou dy dan op foar troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma fan Tryater (s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten:
€ 16,50 (ynklusyf foarstelling en workshop). Fol is fol!

foto: Florian Cats