Aventoerlike en yntime live-ûnderfining by dy foar de doar. Coronaproof!

De nije lokaasjefoarstelling Nacht fan Tryater begjint online, en krijt in ien op ien live ferfolch by de foardoar. Elk personaazje reizget op in stuit nei in adres yn de provinsje, om live – by dyn foardoar – de foarstelling te ferfolgjen. Hokker personaazje oan de doar komt, is in ferrassing.

Dêrmei spilet Tryater hiel ticht op it publyk, in ankerpunt fan it selskip en ek in bysûnderheid yn dizze tiid. De foarstelling – dy’t regissearre wurdt troch Tatiana Pratley en Sjoeke Marije Wallendal – spilet fan 9 april oant en mei 1 maaie, oeral yn Fryslân.

It ôfrûne jier binne we in soad thús en sliepe we minder. Soms fielt it oft we yn in einleaze nacht belâne binne. Yn Nacht wurdst efkes út de deistige realiteit optild troch û.o. Joke Tjalsma, Nynke Heeg, Bart Harder, Aukje Schaafsma, Eva Meijering.

Oer Nacht

De dei rint nei de ein. De stilte lûkt oer Fryslân. In ferpleger, in frou dy’t foar it earst nei lange tiid wer bûten komt, in sjoernaliste: allegearre binne se jûns ûnderweis. Wêrom sliepe se net? En wat dogge se sa let noch bûten?

De reis fan elk personaazje begjint online en einiget by in foardoar. Yn unike monologen nimme sy it publyk yn fertrouwen oer wat har wekker hâldt. Se binne tsjûge fan har tragikomyske dreamen, langstme, twivels en eangsten. Se treaste dy de nacht yn. Sadat alles lichter wurdt.  

Online én live: coronaproof

Fanwegen de oanhâldende maatregels by teaterbesite fûn Tryater it nedich om op koarte termyn plannen te wizigjen foar in lokaasjeproduksje dy’t op 9 april yn premjêre giet. Der is in folslein coronaproof konsept betocht, dat ynhâldlik ticht op de oarspronklike ferzje stiet, mar yn foarm folslein oars wurdt.

Foar de nije ferzje is socht nei in manier dy’t past binnen de maatregels fan dit momint én dy’t oanslút by it konsept fan de oarspronklike ferzje fan Nacht. De personaazjes bliuwe yn de nije ferzje bestean.

Tichtby it publyk

Mei Nacht bringt Tryater letterlik it teater by it publyk, in foarm dy’t past by de manier fan teatermeitsjen fan artistyk direkteur Tatiana Pratley. Dêrmei bout Tatiana fierder op de tradysje fan it selskip: Tryater hat sûnt it begjin fan it bestean, mear as 55 jier lyn, in ticht netwurk fan spylplakken en publyk yn de provinsje.

Omkear

De oarspronklike ferzje fan Nacht soe him ôfspylje yn en op in parkeargaraazje yn Ljouwert. It publyk soe de foarstelling foar in part oer de autoradio en foar in part op it dak fan de garaazje meimeitsje. Mar de hjoeddeistige situaasje frege om wat oars. Mei de nije foarm fan Nacht hat Tryater in manier fûn om de foarstelling by it publyk te bringen.

Der is yn dizze ientoanige tiid ferlet fan poëzy, ferbylding en ferbining. It live-aspekt fan de foarstelling, persoanlik en yntym, is in ekstra; sa kin Tryater yn kontakt bliuwe mei it publyk.

Tatiana Pratley wurket yn dizze foarstelling mei in makkerskollektyf dat we de kommende jierren werom sjen sille.

Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op de webside fan Tryater.

foto: Florian Cats