Yn Harns is sneon 22 juny de wichtichste priis foar it bêste Nederlânsktalige literêre proazadebút útrikt oan skriuwer Tiemen Hiemstra foar syn roman W. Hiemstra krige de twajierlikse priis út hannen fan boargemaster Ina Sjerps. Foar de 24e edysje fan de priis, neamd nei de haadpersoan fan de ferneamde romansyklus fan Simon Vestdijk, wiene der dizze kear 99 ynstjoeringen.

Yn de priiswinnende roman hellet de ik-figuer oantinkens op oan syn freon W., dy’t ynienen ferdwûn is. Neffens de sjuery, besteande út Gerbrand Bakker, Kees ‘t Hart, Joke Linders, Marja Pruis en Geart de Vries (foarsitter), slacht Tiemen Hiemstra mei syn priiswinnende boek in oar paad yn as wat op it stuit gebrûklik is yn de Nederlânsktalige literatuer. “Tiemen Hiemstra schreef met de roman W. een bijzonder, aansprekend en wonderbaarlijk verhaal rondom een vriendschap. Hoe ze elkaar op de middelbare school ontmoetten, hoe ze met elkaar optrokken, elkaar steunden, wat ze uitspookten. Het plezier, de wederzijdse bewondering, de wonderlijke gebeurtenissen, de grappen, het geluk. Hier en daar fluistert in dit lichte en vrolijke proza wel duisternis door maar daar leggen deze jongens zich niet bij neer.” De jury looft ook verder Hiemstra’s manier van schrijven: hij weet van gewone gebeurtenissen iets ‘ongrijpbaars en afwijkends’ te maken. “Hij slaagt erin via het gewone het ongewone op te roepen”, sa seit it sjueryrapport.

De oare fiif nominearren fan dizze edysje fan de Anton Wachterpriis wiene: Het Objectief fan Martien van Agtmaal; Een soort eelt fan Rinske Bouwman; Moeders. Heiligen fan Dieuwertje Mertens; Xerox fan Fien Veldman en De Beesten fan Gijs Wilbrink. Alle seis nominearren wiene oanwêzich yn Harns. It wie de earste kear yn de skiednis fan de priis (dy’t sûnt 1977 bestiet) dat de priiswinner pas op de dei fan útrikking bekend makke waard, foarôfgeand oan it Literair Festival Harlingen.

Eardere winners fan de priis binne ûnder oaren Arnon Grunberg, A.F.Th. van der Heijden, Tessa de Loo, Peter Buwalda, Ilja Pfeijffer en (yn 2022) Simone Atangana Bekono. De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in byldsje fan Anton Wachter.

De Anton Wachterpriis wurdt organisearre troch Bibliotheken Noord Fryslân mei Gemeentemuseum het Hannemahuis en Van der Velde Boeken, yn opdracht fan de gemeente Harlingen en yn gearwurking mei de Vestdijkkring.

foto: Lucas Kemper