Profesjonele makkers en kulturele ynstellings dy’t warber binne yn Fryslân, kinne yn ’e beneaming komme foar in subsydzje út ’e regeling Stimulearringsregeling Kultuer – Untwikkeling en Ynnovaasje wei.

De regeling is opdield yn twa haadlinen: Untwikkeling en Utfiering. Op sa’n wize kin foar spesifike ûnderdielen wilens it kreative proses in oanfraach yntsjinne wurde. De measte regelings binne taspitst op íén ûnderdiel, bygelyks: it útfieren fan in teaterstik, mar fia dizze regeling kin ek in oanfraach yntsjinne wurde foar bygelyks in foarûndersyk of in pilotproduksje.

Fierder biedt de regeling de mooglikheid om projekten troch te ûntwikkeljen nei in twajierrich programma. Troch te ynvestearjen yn kop en sturt, wolle Deputearre Steaten ta op in kwalitatyf heechweardich oanbod en profesjonalisearring fan makkers en kulturele ynstellings yn ’e provinsje Fryslân. Dêrby wurdt de fraach út it fjild wei, om te kommen ta spesifikere finansieringsmooglikheden, ek honorearre.