It berneboek Schaduw van Toet fan de Fryske skriuwster Lida Dijkstra stiet no op de Boon shortlist foar berne- en jeugdliteratuer. Dat is ôfrûne freed bekend makke yn it radioprogramma Culture Club op Radio 1, yn bywêzen fan alle nominearren, yn it Belgyske Oostende.

De Boon, de meast prestizjeuze literatuerpriis fan Flaanderen, wurdt dit jier foar it earst útrikt, yn twa kategoryen: fiksje en non-fiksje en berne- en jeugdliteratuer. De kategory binne fiif nominearren selektearre. Dizze titels binne selektearre út yn totaal 677 ynstjoerings troch de sjuery foar berne- en jongereinliteratuer en de sjuery foar fiksje en non-fiksje.

De auteurs fan alle titels op de shortlist krije elk € 2.500, útsein as se de Boon winne, dy’t € 50.000 de kategory jildet. Dêrneist kinne se ek de publykspriis winne, goed foar nochris € 5.000,- de kategory.

Wa’t Lida Dijkstra stypje wol foar it winnen fan de publykspriis kin hjir op har boek stimme.

De winners wurde op 24 maart 2022 yn Oostende bekend makke.

It boek Schaduw van Toet (Luitingh-Sijthoff, yllustraasjes fan Djenné Fila, ISBN 978 90 2459 578 5) fertelt it ferhaal fan prinses Amany, healsuster en frou fan bernfarao Toetanchamon, dy’t opgroeit oan it rike, mar ek gefaarlike Egyptyske hof. Se stelt har op as de beskermer fan har broer en leart him alles wat er witte moat. Oant it needlot taslacht…