Op freed 9 jannewaris waard bekendmakke dat de ‘De wonderverteller‘ fan Lida Dykstra mei yllustraasjes fan Djenné Fila, op de shortlist fan de Boon Literatuurprijs 2026 pleatst is.
De Boon Literatuurprijs is in wichtige Flaamske priis foar de bêste Nederlânsktalige boeken. De faksjuery berne- en jeugdliteratuer oardiele dat ‘De wonderverteller‘ mei noch fjouwer oare titels, it meast oertsjûgen op it mêd fan literêre kwaliteit, sizzenskrêft en orizjinaliteit. ‘De wonderverteller‘ waard earder bekroand mei de Gouden Griffel, de Zilveren Penseel en de Jonge Beckmanprijs.
Ek foar de Boon Literatuurprijs foar fiksje en non-fiksje binne fiif titels fan de longlist selektearre. Njonken dy sjueryprizen wurdt ek yn beide kategoryen noch in Boon Publieksprijs útrikt. Op www.deboon.be fynst de shortlists en kinst stimme op dyn favorite titel.
De winners fan de Boon Literatuurprijs 2026 en de Boon Publieksprijs wurde bekendmakke tidens de feestlike priisútrikking op 24 maart o.s. yn de stedsskouboarch fan Mechelen.
Oer de Boon
De Boon is de wichtichste literatuerpriis yn Flaanderen foar it bêste Nederlânsktalige boek, mei twa kategoryen: fiksje & non-fiksje en berne – en jongereinliteratuer. Elke winner ûntfangt € 50.000,- en in sulveren segelring. Tanksij Davidsfonds en de Gezinsbond is der yn elke kategory ek in publykspriis mei in wearde fan € 5.000,-. De Boon wurdt organisearre troch de vzw Vlaamse Literatuurprijs mei stipe fan de Flaamske oerheid, en in gearwurking mei mediapartners VRT en De Standaard. Sjoch ek deboon.be.
Mear witte oer it wurk fan skriuwer Lida Dykstra en yllustrator Djenné Fila? Sjoch dan op lidadijkstra.nl en djenne.com.
Foto: Bas Bogaerts
