Stedsdichter Marrit Jellema hat in fideo opnommen wêryn’t se it gedicht Geen ode zonder pijn foardraacht en harsels foarstelt oan de bewenners fan de gemeente Ljouwert. Yn de fideo fertelt Marrit wat se as Stedsdichter berikke wol; se wol yn kontakt komme mei alle doarpen en wiken en sa poëzy yn de hiele gemeente Ljouwert ta libben bringe. Ek draacht se by offisjele gelegenheden in eigen gedicht foar.

Geen ode zonder pijn, de titel seit it al, is in oade oan Ljouwert, dy’t ek de tsjustere kanten fan de stêd net út ‘e wei giet. It binne twa persoanlike momintopopnamen, de earste fan doe ‘t Marrit 17 jier âld wie en de twadde op 21-jierrige leeftiid.

Fideo: Jeroen van de Bovenkamp en Annelies Visser

Wa is Marrit Jellema?

Marrit Jellema is skriuwer, spoken word-artyst en dichter. Op 30 jannewaris waard se útroppen ta Stedsdichter fan de gemeente Ljouwert. Dat is se oant jannewaris 2026. Se wûn yn 2019 in Spoken Award yn de kategory ‘lyrics’. Yn juny 2021 kaam har spoken word-debútalbum Superpersoonlik út en yn septimber 2021 stie se yn de finale fan it NK Poetryslam. Begjin 2023 wie de release fan har twadde album, Voor Altijd. Marrit folge fan april 2021 oant febrewaris 2023 it Urban Arts Talent trajekt fan it Fonds voor cultuurparticipatie om harsels as artyst fierder te ûntwikkeljen. Se jout geregeld workshops poëzy en spoken word, organisearret tegearre mei Explore The North en Ljouwert City of Literature it spoken word-evenemint Hoge Woorden en stiet op poadia troch it hiele lân.

foto: Hoge Woorden – Jaap Schaaf