De Simke Kloostermanpriis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier is freed 23 septimber yn Twizel útrikt oan I.E. Bloem, pseudonym fan skriuwer Jan Minno Rozendal, foar syn boek It neidiel fan de twivel. Wethâlder fan kultuer yn Achtkarspelen Tjibbe Brinkman rikte de priis út yn de Petrustsjerke yn Twizel.
It neidiel fan de twivel is de twadde Young Adult roman fan I.E. Bloem. De sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022, besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg, skriuwt it folgjende oer it boek:
In roman yn de kategory Young Adult en dan beslist ek foar de âldere helte fan dy kategory. Bas sil op útwikseling nei Bergamo. Hy is stil, lit it efterste fan ’e tonge net sjen. Syn klasse- en reisgenoatsje Vera is krekt oarsom, in populêr en opportunistyske jonge frou yn wurding. Yn Bergamo sille se nei skoalle, mar dan brekt de koroana-pandemy út. De problemen fan Bas, de problemen fan it Italjaanske famke Julia dêr’t er slim fereale op wurdt, komme allegearre yn in skerp ljocht te stean as de regio op slot giet en Vera en Bas nei hûs moatte. Yn dit aktuele, skerpe, ferrassende en yntrigearjende ferhaal bliuwt lang yn ’e midden wat der no krekt te rêden is. En sels oan de ein bliuwe der noch fragen oer, want, hoe soe it no fierder gean? I.E. Bloem boartet hiel tûk mei de lêzer en mei de feiten dy’t er wol en net sjen lit. In bysûndere oanwinst foar de jeugdliteratuer.
De priis fan fan €5000,- en de hânmakke oarkonde is beskikber steld troch it Simke Kloostermanlien.
Foto: Hermien van der Meer, Afûk