Op de stoepe fan de Wijbrand de Geeststrjitte, by de krusing mei de Margaretha de Heerstjitte, waard hjoed de sechtichste poëzijstien fan de Poëzieroute Leeuwarden ûntbleate.

De stien mei in gedicht fan dichter René van Loenen waard ûntbleate troch Hilde Tjeerdema, wethâlder foar ûnderwiis yn de gemeente Ljouwert, by it 155 -jierrich bestean fan PCBO Leeuwarden e.o.

It is de earste ‘ûnderwiisstien’ yn ‘e rûte. Fan it plak fan ‘e stien ôf wie eartiids ien fan’ e PCBO-skoallen, de Groen van Prinsterenschool (foar basis- en ferlingd basisûnderwiis) te sjen. Yn it ferlingde leit it werkenbere skoalgebou wêryn’t de Pedagogyske Akademy yn 1907 ûnderbrocht waard en wêr’t no leit it PCBO-kantoar sit.