De klup út Fryslân joech op 9 febrewaris mei ferskate basisskoallen en biblioteken de ôftraap foar it lanlike projekt Scoor een Boek! De 1800 dielnimmende basisskoallelearlingen krije in fideoboadskip fan Erwin Mulder, keeper fan sc Heerenveen. Yn it boadskip ropt hy alle bern op om mei te dwaan oan it projekt. Scoor een Boek! is in lêsprojekt wêrby’t de Fryske bibliotheken, Fers, skoallen én sc Heerenveen gearwurkje om de lêswille by bern te fergrutsjen.

De kommende njoggen wiken wurde de bern fan de 47 dielnimmende basisskoallen oanfitere om safolle mooglik boeken te skoaren. Janny Leenstra, dosint op de St. Mattheusskoalle op ‘e Jouwer, ljochtet ta: “De bern wienen ferline jier, by de earste edysje, super enthûsjast. Omdatst by Scoor een Boek! mei de hiele klasse omtinken hast foar it lêzen, reitsje bern flugger motivearre. Mei it totaalpakket: de fyftjin minuten frij lêzen, it meitsjen fan in basisopstelling fan de alve boeken, it plakken fan de stickers en de fideoboadskippen fan Erwin Mulder reitsje se yn petear en hieltyd entûsjaster om te begjinnen yn in boek.”

Projekt Scoor een Boek!

By it projekt Scoor een Boek! wurkje betellefuotbalklups út it hiele lân gear mei biblioteken, om bern fan groep 5 en 6 te stimulearen mear te lêzen e te bewegen. In goeie taalbehearsking is de basis foar selsstannigens en in sûne libbenswize.

De krêft fan fuotbal wurdt ynset foar it stimulearen fan lêsmotivaasje en lêswille by learlingen en húshâldingen, troch proffuotballers yn te setten as rolmodellen. Proffuotballer Erwin Mulder, dy’t dit jier ferbûn is oan it projekt, hat sels bern en is grut foarstanner fan foarlêzen op jonge leeftiid.

It belang fan fitaliteit

“De priis fan de Vriendenloterij dy’t we wûn hawwe foar ús ynstjoerde projekt ‘Wy tinke oan Moarn’, wêrfan’t Scoor een Boek! ûnderdiel is, jout ús de kâns om te ûndersykjen hoe’t we lêzen en bewegen noch mear oan inoar ferbine kinne. Lêzen makket fitaal, bewegen ek.” Dit jier kin der troch de coronamaatregels spitigernôch gjin sportive ôfsluting op it sportfjild wêze. “Dêrom sjogge we hoe’t we dat kommend jier – yn de hoop dat dan alles wer kin – ekstra grut oanklaaie kinne mei de belutsen partijen GGD Fryslân en fansels Fers”, sa seit Margryt Gerritsma, Manager MVO by sc Heerenveen.

Thúsedysje

Dit jier wurdt der mei Scoor een Boek! ek ynset op de Thúsedysje. Bern dy’t meidogge krije fuotbalstickers en in poster mei opdrachten mei. Dizze opdrachten rinne útien fan foarlêze oan dyn húsdier oant tegearre dyn favorite personaazje yn it boek beprate. Hjirmei wurdt de hiele húshâlding motivearre in aktive bydrage te jaan. De digitale Thúsedysje www.scoorthuis.nl is foar húshâldingen beskikber sûnt 1 febrewaris.

Sifers op in rige

Yn de edysje fan 2020 skoarden de 22.548 learlingen fan groep 5 en 6 in protte boeken. De learlingen dienen dit yn gearwurking mei: met:

  • 17 betellefuotbalklups,
  • 38 biblioteekorganisaasjes
  • 207 biblioteekfestigingen,
  • 590 skoallen,
  • 1009 groepen 5 en 6.

Oan de edysje fan 2021, dy’t rint fan 1 febrewaris oant en mei 21 maaie, binne tolve fuotbalklups út de Eredivisie en Keuken Kampioen Divisie ferbûn. Dielnimmende klups binne: AZ, Almere City, SC Cambuur, FC Emmen, FC Groningen, FC Volendam, Go Ahead Eagles, Heracles, PSV, RKC Waalwijk, SC Heerenveen en Willem II.  

Mear ynformaasje oer Scoor een Boek! is te finen op: www.scooreenboek.nl