Op Rôze Sneon (16 oktober) is de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’ by Tresoar presintearre. De twatalige bondel mei tal fan poëzy- en proazafragminten mei LHBTY+-tematyk waard oanbean oan Rainbow warrior Sipke Jan Bousema, dy’t him bot ynset foar Fryslân as reinbôgeprovinsje.

Jelle Krol hâlde by de oanbieding in ferhaal. Hy foarme mei Janneke Spoelstra, Doeke Sijens, Jantsje Post en Tsjerk Veenstra de redaksje fan de bondel. 

Jelle Krol fertelde in persoanlik ferhaal. In pear stikken dêrút:

(…) “Foar my as jongstudint wist ik wol dat ik ‘gay’ wie, mar der foar útkomme wie noch in hiel oar ferhaal. Ik doarst mar kwealk it boek Maurice fan E.M. Forster dat al yn 1913-1914 skreaun wie, mar pas yn 1971, nei de dea fan de skriuwer útkommen wie, te lienen en te lêzen. Fansels wiene der boeken fan Gerard Reve, mar de treurichheid en letter noch faker de opsetlikens dêryn makke dat ik dêr net yn fûn wat ik socht, nammentlik minsken mei wa’t ik my identifisearje koe of woe. Ut en troch fûn ik wolris wat by De Slegte fan skriuwers as Jacob Israel de Haan, Jaap Harten, Hans Warren, mar it wie gauris sa drôvich of it stie hiel fier fan my ôf. (…) Aldergeloks wiene der en kamen der ek oare skriuwers, benammen dy út it Ingelske, Ierske en Amerikaanske taalgebiet dy’t my yn de besnijing krigen (…) Al dy skriuwers ha my mei holpen om mysels te finen en wurden. Dêr bin ik har tankber foar. (…)

Likegoed miste ik by dat alles it aspekt fan myn eigen taal. Ik socht minsken, fiktyf yn boeken stal jûn, mei in selde aard as ik, dy’t, yn deselde taal as dy’t ik brûkte, har gewoan doarsten te uterjen oer wat har dreau en dwaande hâlde. De jierren troch dat ik my dwaande hâlden haw mei it Frysk en de Fryske literatuer kaam ik út en troch wol bytsjes en brokjes tsjin dy’t my oansprieken, mar gauris wie it ek sa dat fan guon fragminten my de grize oer de grouwe gie fanwegen it klisjeemjittige of stereotipe karakter. Tom Johnston komt de eare ta dat hy foar it earst in foech blomlêzing makke hat út de Fryske homoliteratuer, dy’t yn 2001 publisearre is.

(…) No, tweintich jier letter, kinne wy yn Fryslân mei in tsjokkere karlêzing foar it ljocht komme dy’t mei, tanksij nije en jongere skriuwers, har eigen spesifike lhbty+-kleuren toane. Cindy Lauper sjongt yn har bekende liet “True colors” (“…. don’t be afraid, to let them show / Your true colors, /  true colors / Are beautiful, like a rainbow”). Elkenien is en bliuwt op syk nei de eigen “true colors”. Literatuer kin derby helpe om dy te finen en om jin ynspiraasje te jaan om dêrmei oan de gong te gean: elk op eigen wize. Dizze twatalige blomlêzing mei in ryk ferskaat oan gedichten en proazafragminten – mei 400 siden – is mei dêrfoar bedoeld, mar likegoed om jin yn de kunde te bringen mei netferkende kleuren.”

Lês de folsleine taspraak fan Jelle Krol by De Moanne.

Lês yn it dossier Literatuer troch in rôze bril fan Sirkwy ferskate fragminten út de bondel.

Ljouwert UNESCO City of Literature jout in boekelizzer mei it gedicht Call me by your name fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries kado by de bondel.