Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten binne dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. De prizen fan €1000 elk binne op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert). 

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 68ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra.