De takomst fan it Rely Jorritsma Fûns is garandearre, mar it is noch net dúdlik hoe. De gemeente Ljouwert wurket hjirfoar ferskate senario’s út.

Wethâlder Hein Kuiken en fertsjintwurdigers fan it stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) hawwe dat freed ôfpraat yn in gearkomste. It is al dúdlik, seit de wethâlder, dat de boargemaster en wethâlders yn de takomst net mear yn it bestjoer fan de stichting sitte sille. Dat is net mear fan dizze tiid. “Miskien moatte wy it oerdrage oan in stichting wijd oan ‘e Fryske literatuer.” Mar oant dy tiid sille de boargemaster en wethâlders it fûns beheare en de priis útrikke, seit Kuiken.

It FLMD, dat de Rely Jorritsma-priisfraach organiseart en foar alles deromhinne soarget, is tefreden oer de risseltaten fan it petear. “De kjeld is út ‘e loft, de gemeente hâldt earst it bestjoer”, seit skriuwer Pieter de Groot. Foarearst hat it fûns noch genôch jild om priiswinners te beteljen. Der is mear as genôch jild út it ferhieren fan lân – it fûns sil ynkoarten mear lân oankeapje – en ynvestearingen om priiswinners de kommende jierren betelje te kinnen.

Foar de Rely Jorritsma-priisfraach fan dit jier kin oant en mei 9 maaie wurk ynstjoerd wurde.

boarne: Leeuwarder Courant