Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2023. Jo kinne jo belangstelling dêrfoar oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn novimber 2023. Yn 2023 wurdt de priis útrikt foar proaza. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. 

De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis.

Reagearje foar 24 oktober.

Foto: Tresoar, Haye Bijlstra