Strip byldtaal - Leeuwarden City of Literature

Meinte Strikwerda (Starum, 1964) wennet en wurket yn Grins. Hy makket yllustraasjes, is grafysk foarmjouwer en tekenet strips ûnder de namme Mestrik. Dêrneist is er foarsitter fan de feriening foar Noardlike tekeners en jout er les oan Noorderpoort. Yn stripland is hy foaral bekend fan syn rige Man & Paard en fan de Cold Case-strips dy’t hy makket mei Anco Dijkman foar de Peter R. de Vries Foundation. It nije stripboek fan Man & Paard is yn novimber 2023 útbrocht.