Poëzierobot
Ljouwert UNESCO City of Literature wurket op dit stuit oan in Poëzierobot. Wy ûndersykje dêrmei it dwaalgebiet tusken mins en robot. In wrâld dêr’t fragen koers bepale en wêrby’t wy tegearre mei it publyk dit dwaalgebiet ferkenne wolle. Hoe sjocht in robot derút? Wêr leit de grins tusken skriuwer en artifisjele yntelliginsjetechnology? Kin in robot skriuwer wêze? Hoefier geane wy?

Is kreativiteit in minsklik privileezje?
Op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach dielen wy yn it Robotlab ús fragen mei besikers en dat smiet nijsgjirrige petearen op.

Begjin 2027 wolle wy noch in pear kear mei it publyk yn petear oer literatuer en artifisjele yntelliginsje. Fan wa is it yntellektuele eigendom fan teksten dy’t in robot skriuwt? Is dat überhaupt in yntellektueel eigendom? Kin dat yn it gefal fan in skriuwende robot? Is kreativiteit per definysje in minsklik privileezje?

Hjir hâlde wy dy op ‘e hichte fan de ûntwikkeling fan ús Poëzierobot. Ek op ‘e hichte bliuwe? Skriuw dy yn foar ús nijsbrief.