Ast as lyts minskje de wrâld yn giest, is alles geweldich grut. Gelokkich komme der, ast jong bist, in soad feilige mini-wrâlden foarby. Yn ferhalen, yn boartersguod en wat letter yn boerdspultsjes en games. Ek gâns folwoeksenen (mei mooglik alwer in mini-me) hawwe in fassinaasje foar lyts. Wêr komt dy foarleafde wei?

Tekst: Berber van Oyen | Yllustraasje: Studio Sterre – Hesther Nijland

Why mi(ny)?

Bern fan om de trije jier hinne ûntdekke rollen. Se ferklaaie har, boartsje winkeltsje, of gean mei in poppehûs oan ’e slach. Koartom: se dogge de wrâld nei. It draacht by oan de ûntwikkeling fan taal en emoasjes, sosjale feardichheden en fine motoryk. Ek folwoeksenen dogge graach miny. Oftst no nifelest of gamest, ûntsnapst dermei oan stress, realiteit, ferfeling of ferantwurdlikheden. Ek kinst der dyn kreativiteit yn kwyt en soms makkest der op lytse skaal grutte dreamen mei wier. In Porsche, in oare identiteit, dyn eigen boekwinkeltsje? It kin mei Lego, games en boupakket!

Op in bedsje fan moas

Fantasearresto ek doarkes yn beammen? Sjochst bedsjes fan moas? Ferwachtest wêzentsjes yn dyn strjitte? Untelber folle skriuwers en yllustratoaren hawwe wrâlden fol fantasyfigueren optekene. Ferneamd is Rien Poortvliet. Syn Leven en werken van de kabouter út 1976 belibbe 61 drukken. De hjoeddeistige generaasje bern sil foaral de Goargels fan Jochem Myer kenne. Syn earste boek út 2015 is ek al 37 kear werprinte! Sa’n wrâld neist dy fan ús is der trouwens echt. Gean mar ris op syk nei de Miniature People yn Ljouwert.

Nee, krekt grut!

Minsken sammelje graach lytse objekten. Sûnt de jierren santich waarden by de drukkerijen oerstallich wurden letterbakken brûkt om yn te etalearjen. Yn sniebollen finzen taferieltsjes binne in populêr sûvenier. Mar grut is ek huge! Elke stêd ken wol in objekt dat makke liket te wêzen foar reuzen. Tink oan de DE-kop yn De Jouwer. Ek yn musea wurde mei regelmaat dingen útfergrutte. Corpus is in mega-minsk an sich en yn Museum Voorlinden stean de libbensechte mar metershege skulptueren fan Ron Mueck. Yn al dizze gefallen kinne wy ús ynienen séls (wer) miny fiele.