Sipke de Schiffart skriuwt sûnder rem - Leeuwarden City of Literature

‘Yn myn nije, noch te ferskinen dichtbondel is de dea it tema. Sels bin ik ek net echt it sintsje yn ’e hûs; ik ha sombere perioaden yn myn libben hân. Ast ea soks trochmakke hast, kinst dy der better yn ynlibje. Soest sizze kinne dat de dea in ekstreme foarm fan ûngemak is. Oftakeling, sykte, ôfskie, de dea fan oaren, dyn eigen dea. Miskien makket de dea it libben wol sa fassinearjend.’

Tekst: Tsjerk Bottema | Foto: Natalia Balanina

As ik by Sipke de Schiffart op besite bin yn syn jierrentritichwenning yn de Blommebuert yn Ljouwert, dy’t fol stiet mei boeken en dêr’t skilderijen fan syn hân oan de muorre hingje, in portret fan dichter Pier Boorsma noch op ’e skildersezel, lizze neist him in tal edysjes fan Viadukt, de doarpskrante fan Longerhou en Skettens. ‘Ik kom út in doarp, woe nei de grutte stêd en gie nei Ljouwert. Resint ferhuze in freondinne fan my fan Ljouwert nei New York, in lytsere stap as fan Longerhou nei Ljouwert. Longerhou, dêr’t ús pleats stie, is in dearinnend doarp mei amper fyftich ynwenners. No hingje ik hieltyd mear oer nei it ferline, nei it doarp. It kontakt mei de minsken dêr fielt as famylje. Hjir bin ik in bytsje in eksoat; ik bliuw dochs in doarpsjonge.’

Doe’t Martsje de Jong him yn desimber 2023 foar De Moanne ynterviewde, fertelde er hoe’t er as jonkje boer wurde woe. Doe’t er it ienkear wie, woe er it net mear: ‘Heit en ik hiene in grut ferskil fan ynsjoch oer it buorkjen en doe’t ik 26 wie ha we de pleats ferkocht.’ Yn dat ynterview fertelt er dat er ûnder de kij siet, wylst oaren it libben ûntdutsen: ‘As sy mei moai waar yn Makkum op it strân leine, moast ik meane, skodzje en swylje, want it wie heawaar.’

Fan boer waard er skriuwer: ‘Ast boer bist, moatst it fulltime wêze. Ik wie net hûndert prosint boer, haw tsien jier kij molken, mar tocht gauris, as ik dit de rest fan myn libben dwaan moat… Wylst ik oan it melken wie en op ’e trekker siet, betocht ik gedichtsjes.’ It hat lang duorre foar’t er himsels skriuwer doarde te neamen: ‘Ik skreau fansels al, mar makke my dat in skriuwer? Doe’t ik op ’e Skriuwersarke fan Rink van der Velde ferbleau (De Schiffart skreau dêr it ferhaal “Lotte op De Feanhoop”, TB), kamen der op in kear minsken fan it Fryske Gea del. Der wie wat mei de arke. Dy hiene it oer “de skriuwer”. Dêr bedoelden se my mei, realisearre ik my.’

Earst op syn 53ste debutearre De Schiffart lykwols, yn 2012, mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Dêrfoar hie er al in pear kear in Rely Jorritsmapriis wûn mei in ferhaal. Yn syn besprek fan De Schiffarts debút yn De Moanne neamt Sjoerd Bottema de personaazjes fan De Schiffart “minskeskou, ferknipt, frustrearre, selsynnommen, gefoelleas, sûnder gewisse en wraaksuchtich”. Neffens Bottema sil “de trochsneed lêzer (..) net folle ferlet ha om him mei ien fan harren te identifisearjen (..). De haadfiguer slacht de hân oan himsels, wurdt mishannele, mishannelet in oar of rommet dy út ’e wei, dat is wat der bart yn acht fan de tsien ferhalen (..).’ It binne neffens Bottema lykwols krekt ‘dy eigenaardichheden en it begrutlike of grouwélige hâlden en dragen dat dêrút fuortkomt’ dy’t de lêzer dochs yn ’e besnijing hâlde. Hoe komt De Schiffart ta sokke personaazjes?

Selskant

‘Minsken dêr’t wat oan mankearret, dy’t net trochsneed binne, net polityk-korrekt, fassinearje my. Ik hâld fan de rûgere ferhalen. Eins skriuw ik ferhalen dy’t ik sels graach lêze wol. Sels bin ik oars in brave figuer, dy’t neat ferkeard docht. Ik wenje hjir wat, en jûns komt myn freondinne. Dan sitte wy tegearre op ’e bank en sjogge wy telefyzje. Ik haw in feilich, faaks wat saai libben. Ik bin net sa ferskriklik ûndernimmend, gean net nei it bûtenlân en sliep it leafst yn myn eigen bêd. Myn personaazjes binne in kompensaasje foar myn eigen persoanlikheid. Ik fyn it nijsgjirriger om oer ôfwikende types te skriuwen, minsken oan de selskant fan de maatskippij; dy binne mear eigen, mear apart. Ik libje my leaver yn in misdiediger en moardner yn, as om sa’n ien fan ôfstân te beskriuwen. Dat is miskien myn styl, dat ik frijút skriuw, hiel oars as hoe’t ik my yn it deistige libben hâld en draach. Ik bin oars ek gjin nekrofyl, mar ik skriuw wol oer nekrofily.’

Nei syn debút kamen by Utjouwerij Hispel fan Piter Boersma twa dichtbondels fan De Schiffart út (Oan dy tinke en In running gag om te gûlen) en in livige roman (Sjappy). Yn syn lêste boek, de ferhalebondel Salang as it libben duorret (Hispel, 2023), steane mar leafst 33 ferhalen. De measten dêrfan telle in side as fjouwer, fiif, oars as yn syn debútbondel, wêrfan’t net ien fan de tsien ferhalen koarter as tolve siden wie. Koartere ferhalen skriuwe giet De Schiffart goed ôf; it docht suver wat tinken oan A.L. Snijders. Hat De Schiffart mei it koarte ferhaal syn definitive foarm fûn? ‘Sa’n roman is in enoarm wurk. Mei Sjappy ha ik in hiel skoft dwaande west. It is myn magnum opus; soks doch ik net samar wer. In ferhaal is folle oersichtliker. In gedicht is noch koarter. Hjirnei wol ik besykje om novelles te skriuwen. As dichter rymje ik net, myn gedichten binne anekdoatysk, parlando, myn proaza is krekt wat poëtysk. Utsein lingte en lay-out liket it op elkoar, allinne de foarm is oars. Miskien skriuw ik ea noch ris in essay, of in absurdistyske klucht. Dan gean ik sels yn it publyk sitten. Al is fansels net útsluten dat it publyk massaal fuortrint, lykas by Gasten fan Tryater barde (dat foarfal spilet ek in rol yn it ferhaal “De partner fan Tamara” yn Salang as it libben duorret, TB). Ik fyn it moai om alle registers te bespyljen.’

Underkoarre

Yn it ferhaal dêr’t De Schiffart yn 2022 in Rely Jorritsmapriis mei wûn – “Skaakles” – beskriuwt er hoe’t syn haadpersoan him twongen fielt de skaakles fan syn skaakfreon Martin oer te nimmen, waans heit krekt ferstoarn is. Hy sjocht der ôfgryslik tsjinoan, en is mei de skaakles sels sa senuweftich dat er it earst nei it plunderjen fan de bar fan it tsjerklik sintrum – hy sûpt him in stik yn ’e kraach troch earst in flesse bearenburch en dêrnei in flesse jenever oan ’e mûle te setten – oandoart om útein te setten. Fan de weromstuit is no elke rem fuort, en wurdt er hieltyd oermoediger. Dat moat wol ferkeard gean, en dat giet it ek: ‘(..) doe’t ik de toer en de kening in pear kear ferpleatste, waard ik sa mislik as in kat. (..) wylst ik my omkearde, yn de draai, gutste de koarre my al ta de mûle út. Ien fan de famkes krige dêrtroch in dûs fan spui oer har hinne. De earme stakker krige de folle laach.’ De Schiffart beskriuwt hoe’t it ûnderkoarre famke dêrnei it famke ûnderkoarret dêr’t se mei oan it skaken wie, hoe’t de haadpersoan noch mear spuie moat en dat opheint yn in leech doaske, dat er dêrnei leget oer de holle fan in lilke mem. 

Ferûntrêstend

Jelle van der Meulen neamt De Schiffarts roman Sjappy yn syn besprek op frieseliteratuur.nl in ‘verontrustende roman’, lykas dy der neffens Van der Meulen yn Fryslân net folle skreaun binne. Neffens Van der Meulen hinget soks foar in grut part gear mei de haadpersoan, mar ek mei de auteur sels, dy’t fier giet yn de beskriuwing fan de fantasyen fan de haadpersoan. Tagelyk stelt er dat De Schiffart foar dy roman yn 2023 de Gysbert Japicxpriis krije moatten hie. De Schiffart mijt it ûngemak, it skokkende en it absurde dus net bepaald yn syn boeken. Wêrom kiest er foar dizze ûnderwerpen en styl? ‘Yn it echte libben sykje ik gemak op. Mar yn literatuer moat der wat barre, der moat striid wêze, ûngemak, spanning en konflikt. As Sjappy it ferhaal fan in goed funksjonearjende boekhâlder west hie, hie it dochs minder nijsgjirrich west. Yn de wrâldliteratuer draait it om apartelingen, om minsken dy’t net neffens de wenstige paden rinne of tinke. De sênes dy’t ik yn myn ferhalen beskriuw, meie betiden absurd wêze, mar it is wol mooglik. It echte libben is betiden noch absurder. Juster sprong der noch immen yn ’e motor fan in fleantúch!’ Hy ferfolget: ‘Ast goed skriuwe wolst, moatst gjin rem hawwe. Moatst net tinke: nimme minsken it my kwea ôf dat ik dit skriuw? Kwets ik har? Is it “aanstootgevend”? Nee, moatst all the way gean! Dy net beheine litte troch preutskens. Salonfähig wêze, of polityk-korrekt, dat moat faaks yn de sjoernalistyk, mar de literatuer is in frijplak. Personaazjes meist alles sizze, tinke of dwaan litte. Dat is it moaie derfan.’ Laitsjend: ‘As jo hjoed-de-dei noch moralistysk skriuwe, is it gjin literatuer, mar lektuer.’