Set dyn tosken yn de soundbites - Leeuwarden City of Literature

Nuânse, poe, wat wie dat ek alwer? Yn in tiid fan soundbites, superflugge kommunikaasje en groeiende spanningen is it iepenstean foar oaren spitigernôch net fanselssprekkend. Wy knalle útsprutsen mieningen as absolute wierheden de wrâld yn. Dialooch en solidêrens ferdwine en – as wy der net om tinke – ek de demokrasy. Hoe kinne wy oan in swart-wytwrâld wat frisse tinten taheakje?

Tekst: Berber van Oyen | Oersetting: Martsje de Jong | Yllustraasje: Edith Stultiens

Gemiene dieler

‘Sykje de ferskillen’ liket in bloedserieus spul wurden te wêzen. Kinst better de oerienkomsten sykje! Hoe oars wurdt in petear ast dyn mieningen net wis bringst, mar útleist en ûnderboust? Mooglik ûntdekst yn it petear dan samar in common ground!

Harkje nei filosofen

Filosofen ha oandacht foar nuânse. Hjoed de dei ropt bygelyks Lammert Kamphuis minsken op om saken ek fan in oare kant te besjen en oprjocht nei inoar te lústerjen. Casper Vuurmans set minsken mei-inoar oan tafel ûnder syn filosofyske diners. Kinst ris even rêstich kôgje op dyn miening.

Love is the answer

Yn Skotlân is koartlyn in wet ynfierd dy’t haatdragende útspraken strafber makket. It doel: in tolerantere maatskippij. Oft it wurket is noch de fraach. It bêste antwurd op haat liket positiviteit: it befoarderjen fan begryp en moederaasje. Sjoch bygelyks ris nei wat Het Generatiehuis en Stjoer dogge en ferdjipje dy yn de projekten fan Over de Drempel.

Lês de wrâld

Fansels advisearje wy dy ek om boeken te lêzen om yngewikkelde emoasjes, relaasjes en kwestjes te ûndersykjen. Fan klassikers fan Virginia Woolf en Leo Tolstoj oant moderne romans fan Margaret Atwood en Kazuo Ishiguro. Se ferkenne masterlik de minslike natuer. Lês ek it resept foar nuânse op side 26!

Edith Stultiens (1976) wurket sûnt har ôfstudearjen oan Kunstacademie Minerva út har studio yn Ljouwert wei as freelance foarmjouwer en yllustrator. Se tekenet, yllustrearret, ûntwerpt en skriuwt, wêrby’t humor, absurdisme en kleur foar har ûnmisber binne. Neist wurk yn opdracht (foar û.o. Noordhoff Uitgevers, Stichting Plint, Gemeente Ljouwert, Friesch Dagblad en Uitgeverij Plantyn Antwerpen) ûntwerpt se karakters en berne- en cartoonboeken ûnder har eigen label Odi Odi. By NHL Stenden Hogeschool (Creative Business) wurket Edith by de ôfdieling mediaproduksje, dêr’t se koördinearjende taken hat en les jout.