Redaksjoneel: Lêze yn ymmorele tiden - Leeuwarden City of Literature

Men soe sizze kinne dat romans gean oer it iepenjen fan mooglike foarstellings fan ús realiteit. Leefbere foarstellings, mar ek net-leefbere. Literatuer kin en mei ommers (binnen de grinzen fan it strafrjocht) amoreel of ymmoreel wêze. Dêrtroch hat literatuer altyd útsoarte in frijplak west, dêr’t de grinzen fan ús bestean as minske ûndersocht wurde kinne.

De wize dêr’t skriuwers dat de ôfrûne pear hûndert jier op dien hawwe, is fansels bot feroare, dêrby gebrûkmeitsjend fan literêre techniken lykas tiid, taal en romte. Dit hat laat ta in protte en ek ekstreme eksperiminten en dy hawwe my persoanlik altyd wol fassinearre. Wêr komt de roman wei, wat kin de roman (noch) en hokker rjochting giet it op? Ik wol as lêzer ommers net yn it klisjee ferfalle dat ik op in stuit allinnich noch mar biografyen lês, om’t ik myn nocht ha fan de roman.

Tajûn, der ferskine novelles as Een klein detail fan de Palestynske skriuwster Adania Shibli of Dit soort kleinigheden fan Claire Keegan dy’t wat wêzentliks útdrukke oer in brânend aktuele problematyk, mar hieltyd mear reitsje ik as lêzer fan literatuer blokkearre. Want is it oant koartlyn ûnfoarstelbere net gewoan werklikheid wurden? Is it abnormale net normaal wurden? Literatuer rint mooglik al achter de feiten fan it wrede deistige libben oan en dizze tiden freegje tink wat oars. 

Ik krij ek mear ferlet fan wat skientme, humor, styl en ienfâld. Fantasy haw ik noait wat oan fûn, dystopyske romans en oare spekulative literatuer kinne om my stellen wurde en spannende ferhalen konsumearje ik leaver fia in streamingtsjinst.

Gelokkich werkende ik de lêste moannen wat bysûnders yn de film Perfect Days fan filmmakker Wim Wenders en yn de novelle Park Life fan de priiswinnende Japanske skriuwer Shuichi Yoshida. Beide skitterje yn al har oprjochtens en sobere styl.

Perfect Days is in film oer in man dy’t dúdlik wat dingen achter him litten hat, hoewol’t wy noait te witten komme wat dan krekt. Hy hâldt in tal iepenbiere húskes soarchfâldich fris en konsintrearret him dêrneist benammen op de skientme fan muzyk, boeken en beammen dy’t er om him hinne hâldt. De evokative krêft fan ’e film hie in betsjoenend effekt op my.

Yn de hearlike novelle Park Life komt in jonge man elke dei nei in park fan Tokio. In plak dêr’t net folle te dwaan is. Hy belibbet dêr gjin sensasjonele dingen, útsein miskien de bysûndere dialogen dy’t er hat mei in frou dy’t er tafallich ferskate kearen moetet. De novelle is likefolle in oade oan it deistich libben as in pleit foar fertraging en besinning. Priuw stadich de wurden, lit se besakje en besef dan wat in ryk en wiis wurk dizze koarte novelle eins is.

Beide keunstwurken soene grif omskreaun wurde kinne mei wurden as ‘ûnbeheind djip’, ‘ienfâldich’, ‘beskieden’ en seker ‘hoopfol’. Der docht him no yn it libben in soad ûngemak foar en ek yn de literatuer is it gjin ‘hupfaldera’. Ik longerje fûleindich nei in tsjingif, dus moat literatuer miskien wol wer mear oer moaie en leefbere foarstellings fan ús werklikheid gean?

Ernst Bruinsma
Direkteur Leeuwarden UNESCO City of Literature

Op de foto (troch Natalia Balanina) stiet it Leeuwarden City of Literature-team: 

f.l.n.r.: Tryntsje van der Steege, Sito Wijngaarden, Grietje Deinum, Berber van Oyen-Peenstra en Ernst Bruinsma