Portretten fan leargjirrige skriuwers - Leeuwarden City of Literature

Alle fjouwer hawwe se in kursus, oplieding of coaching folge om better te wurden yn it skriuwen. Wat hat it harren brocht, en wêr sit stikem it ûngemak as skriuwer?

Tekst: Thea van der Schaaf | Foto’s: Natalia Balanina

Sierk Meijer: Feiligens om in ferhaal te dielen

It wie ‘de slice of life’ dêr’t Sierk eins syn hiele libben al oer skreau, foar’t er oan de lessen oan de Skriuwersfakskoalle begûn. En sa begûn de oplieding ek, mei ‘it opskriuwen fan dingen dy’tst sjochst of meimakkest,’ leit Sierk it begrip út. Dat lei him fansels prima. It ûngemak kaam doe’t er ek mei poëzy oan de slach moast. ‘Ik bin net in dichter.’ Dochs is hy frijer wurden yn it skriuwen troch lessen te folgjen, seit er. Mar it moaiste dat alle lessen – hy docht yntusken Skriuwtechniken B – him oplevere ha, binne de kontakten en it gefoel fan feiligens om ferhalen diele te kinnen mei oaren. ‘Je leare fan elkoar en je krije fertrouwen yn je eigen wurk yn in groep. It hat my de moed jûn oan in roman te begjinnen.’ Oft dy yn it Nederlânsk of Frysk útkomme sil, is noch net dúdlik, al hat Frysk de foarkar. ‘Yn it Frysk kinst dingen sizze dy’tst yn in oare taal net sizze kinst.’

Titia Lindeboom: Jesels dingen en de tiid gunne

‘Skriuwe is, ast ienris yn de flow sitst, hearlik. Mar as dat net sa is kin it ferskriklik ûngemaklik wêze. Dan sitst der tsjinoan te hikken mei al dy stimkes yn ‘e holle dy’t dy wat oars dwaan litte wolle.’ It is in kwestje fan dysels dingen gunne, en jesels de tiid gunne dingen te dwaan, ‘ek as it neat wurdt,’ wit Titia Lindeboom yntusken. Dat, en noch safolle mear oer skriuwen, leart Titia troch yndividuele skriuwcoaching fan Ingeborg Hoogsteen fan buro Twirrewyn. ‘Sy sjocht mei oare eagen nei myn teksten en hâldt my by de les as ik wer ris ôfdwaal. Se libbet ek echt mei mei de personaazjes yn it boek dat ik skriuw.’ Dy personaazjes fûn Titia yn har eigen famyljeline dy’t in skiednis hat yn Minnertsgea, dêr’t se min ofte mear by tafal sels delstruts. ‘It is bysûnder hoe’t ik my dêr fuort thúsfielde. Frappant wat Fryske roots mei dy dwaan kinne.’

Elbrich Vreeling: De leafde foar it Frysk

In skriuwkursus hat Elbrich Vreeling safolle mear brocht as wêr’t se op hope hie. Se hie eins allinne wat rjochtlinen nedich, tocht se; hoe begjinst oan in ferhaal en wat is in goeie wurkwize. ‘Hanneke fertelde my alles oer de opset en basis fan in ferhaal, it neitinken oer karakters en in plot, en dat it skriuwen fan in berneboek folle mear ynhâldt as allinne de tekst.’ Mei in oare kursist en mei Hanneke de Jong sels, dêr’t se les fan krige by Tresoar, hat se noch altyd kontakt. Skriuwen is foar Elbrich in útlitklep, sûnt se troch in ûngemak in skoft net foar de klasse stean kin. Hoewol’t se dosinte Nederlânsk is, is it Frysk har mear eigen. ‘Frysk wie hiel belangryk by ús thús, ús mem ferbettere ús altyd. Dat fûn ik eartiids hiel ûngemaklik, mar no bin ik bliid dat ik dy basis ha. De leafde dy’t ús mem hie foar it Frysk, haw ik oernaam en besykje ik troch te jaan.’

Rins Dolstra: De paradoks fan it skriuwen

‘As 8-jierrige woe ik skriuwer wurde, mar as bern ferliest dyn ynteresse. Doe’t ik teaterlessen folgjen gie by Meeuw bin ik ek oanskood by de skriuwflessen. Dat is my sa goed befallen dat it boppe it spyljen kaam te stean.’ Rins hat meardere jierren it trajekt fan Jonge Schrijvers folge, skreau foar ferskate foarstellingen teksten en perfoarme op Wintertuin Festival, Zwarte Cross en Oerol. Dêrnei is Rins úteinset mei de oplieding Creative Writing yn Arnhem (ArtEZ), mar naam koartlyn in tuskenjier om te reizgjen. Fansels skreau Rins dêroer, want ‘skriuwe kin oeral, wêr ek op ‘e wrâld’. Wol kamen de skriuwsels hiel oars op papier as yn it foar betocht. ‘Ik bin folle mear op myn inerlike wrâld rjochte rekke.’ Poëzy is foar Rins de meast noflike wize fan skriuwen. ‘De friksje en de paradoks fan it skriuwen fyn ik mega-nijsgjirrich; der skûlet in wrâld dy’t min fette wurde kin yn wurden – dat skriuwers just mei dy kennis it dochs besykje te fetsjen.’