Portretten fan boekpromotors - Leeuwarden City of Literature

Fjouwer minsken út ’e boekewrâld dy’t elts op har eigen wize boeken promoatsje. Hoe sette sy oaren oan ta lêzen?

Tekst: Thea van der Schaaf | Foto’s: Natalia Balanina

Bert René Luimstra – Utjouwerij as hobby

It leafst hie Bert René Luimstra mei syn fjouwer freonen fan ’e útjouwerij op ’e foto stien. Want Regaad, dat binne se mei har fiven. De passy foar boeken en it oersetten dêrfan diele se mei har allen. Bert René stiet yn it deistich libben miskien wol it fierst fan ’e boeken ôf fan alle fiif, dochs hâldt er wol fan boeken en lêzen. Wat him foaral opfoel is dat oersette boeken faak beoardiele wurde op de kwaliteit fan tekst en de oersetting dêrfan. Oft it wol geef Frysk is. En dat is wichtich, mar Bert René fynt dat kwaliteit út mear aspekten bestiet. It boek moat ek moai eagje, fan it goede papier makke wêze, en hy sjocht graach nei de foarmjouwing en wize fan binen. Mei elkoar is it it totaalplaatsje dat foar lêsbefoardering soarget en dat is krekt dêr’t Regaad him foar ynset. Al tsien jier!

Ramona Venema – Online freonskippen

De Dutchess of books neamt se harsels op Instagram, Ramona Venema. In terjochte titel ast sjochst hoe goed it har slagget har folgers oan har te binen troch op in kreative wize oer boeken te fertellen yn flogs en blogs. Ek yn it deistich libben docht se dat. Op har wurk op in skoalle hat se yn har lokaal in eigen boekekastje foar learlingen en wit se har kollega’s geregeld mei har entûsjasme te oertsjûgjen fan in boek dat se ‘echt lêze moatte’. Se is in fraachbaak foar learlingen en kollega’s wat boeken oangiet. It fielt foar har as in misje om boeken en lêzen te promoatsjen. ‘It ferpleatsen fan dysels yn in oar kin dy sa’n soad leare oer de wrâld en tinkwizen fan oaren. Ik tink echt dat we aardigere minsken wurde fan lêzen.’ Grappich: har bêste freondinnen ken se fia Instagram. De útstapkes? Dy geane fansels nei boekwinkels.

Jitske Kingma – Ferhalen de wrâld yn bringe

It wie foar Jitske Kingma in hiele ûntdekking doe’t se der as lyts famke efter kaam dat ‘dy lytse dinkjes’ dy’t letters wienen, in betsjutting hienen. Der gie in wrâld foar har iepen. No hat se al 16 jier in selsstannige útjouwerij yn Ljouwert en bringt se ferhalen fan oaren de wrâld yn. Tegearre mei in team fan freelancers jout se ûnder de namme ‘Elikser’ boeken yn alle kategoryen út. As lytse útjouwerij jout se dy ferhalen in kâns, dy’t dat by de grutteren miskien net krije. Fan begjin oant ein nimt se skriuwers mei yn it proses fan it útbringen fan in boek. ‘Ik sykje altyd nei de unike eleminten yn in manuskript. In stikje eigenheid dat in oar ferhaal net hat. It is de keunst dy pearel derút te pikken en dêr dat stikje magy, it elikser, oan ta te heakjen. Sa kin elts nij ferhaal my ferrassen bliuwe.’

Franke Atsma – It sosjale fan in boekhannel

It sosjale aspekt, dat fynt er it moaiste oan it hawwen fan in boekwinkel. Franke Atsma ken net al syn klanten by namme, mar wit nei 30 jier wol watfoar boeken se graach lêze en keapet dêr op yn foar syn boekhannel yn Burgum. ‘Ik bin bliid dat ik dy frijheid ha as selsstannich ûndernimmer, dat ha de grutte ketens net.’ Franke wit goed wat er oanbiede moat om syn winkel oantreklik te meitsjen en dêrmei slagget it goed him te ûnderskieden fan oaren. Dat moat ek wol, no’t der hieltyd faker fia ynternet besteld wurdt. Dat is tsjin syn sin yn. Krekt as digitaal lêzen. ‘En dat sis ik echt net allinne út eigen belang. “Lezen redt, lezen redt, lezen redt je van internet”, is myn mantra. Echt winkelje, efkes in praatsje, en efkes net efter in skerm. Dat is folle better foar de holle as dy gekke digitale wrâld.’

Foto boppe-oan: Rahul Pandit | Unsplash