Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature

‘Syn boeken dolle djip en fiele licht, se binne aktueel en ha in universele krêft.’ De sjuery fan de Theo Thijssen-priis wie sûnder mear loovjend oer de winner fan de trijejierlikse oeuvrepriis dy’t Daan Remmerts de Vries yn 2022 tafoel.

Tekst: Radboud Droog | Foto: Sebastian Steveniers | Yllustraasjes: Daan Remmerts de Vries

Bern en folwoeksenen; syn pinne slút nimmen út. In literêr oeuvre dat ta folle waaksdom kommen is; ripe, mar op gjin stikken nei útbloeid. Want Daan Remmerts de Vries is net útskreaun. 61 jier jong en alle dagen yn syn skriuwkeuken. In selsoplein rezjym dat him fan tsien oere moarns oant seis oere jûns achter it toetseboerd fan syn Mac hâldt. En dan nei hûs. In kuier fan in pear minuten troch it hert fan ’e Amsterdamske Jordaan. Werom nei it lytse appartemint dat er mei syn freondinne en harren dochter bewennet.

Trochbraak

Godje betsjutte yn 2002 syn trochbraak. It smiet him syn earste grutte priis op, in Gouden Griffel. Mei – en nei alle gedachten foaral tanksij – in haadpersonaazje dat dêrnei in typyske Daan Remmerts de Vries-figuer wurde soe: in atypyske protagonist mei eigenskippen dy’t dy ynearsten op ’e ferkearde foet sette. Robbie Nathan út Godje is in rotsek dy’t de lêzer nettsjinsteande syn streken foar him wint. You love to hate him, sizze de Ingelsen. De sjuery fan de Theo Thijssenpriis oer dy ynstek: ‘Daan Remmerts de Vries jout it oare bern de romte’. En sa giet it ek mei de oare karakters út syn boeken. Se wike faak ôf: in mislearre prins, in domme foks, in bange bear. Syn boeken falle yn ’e smaak. De yn Ljouwert berne skriuwer wint de iene priis nei de oare.Twa Gouden Griffels, fiif Zilveren Griffels, in Gouden Lijst, fjouwer Vlag en Wimpels en de earder neamde Theo Thijssenpriis folje foarearst syn fitrine. Dan binne de talleaze nominaasjes net iens neamd. Remmts de Vries’ boeken wurde fier foarby de Europeeske grinzen lêzen en binne sels oerset yn it Sineesk, Koreaansk en Arabysk.

Kennis

Sjoernalist Joukje Akveld stelde dat syn skriuwdriuw komt út: ‘Sjoen wurde, net ûnbemurken bliuwe.’ En dat slagget Remmerts de Vries oan no ta hiel behoarlik. Syn nijsgjirrige kyk op ’e deistige gong fan saken, keppele oan syn geweldige kennis fan ’e natuer en syn eardere oandriuw om te reizgjen soargje derfoar de ferhalen net opdrûgje.

Húske oan ‘e Burgumermar
Wêr kaam dy fassinaasje foar de natuer wei?

‘Yn Amstelveen, dêr’t ik opgroeide, glûpte is as trijejierrige soms in legere skoalle yn om nei it grutte akwarium te sjen. Dêrfoar wie ik op myn trijetsjiller útnaaid út ús tún en, net alhiel ûngefaarlik, twa strjitten oerstutsen. Letter spandearre ik in grut part fan ’e skoalfakânsjes oan ’e rânen fan ’e Burgumermar, ticht by it bûtenferbliuw fan myn âlden. Ik spotte dêr ferskate kearen in otter, doe folle seldsumer as no. Dy ûnderfiningen en de reizen dy’t foar in grut part yn it teken stiene fan ’e bisten, sitte yn myn holle en komme der geregeld út.’

Tinkst noch wolris werom oan dyn jeugd yn Fryslân, op aventoer by de Burgumermar?

‘O ja. En no’t ik âlder wurd hieltyd faker, fernim ik.’

Reizgest sa folle net mear as eartiids.

‘Dat kloppet. Ik ha earst reizge en bin dêrnei begûn te wurkjen. Dat is foar in skriuwer de goeie folchoarder, tink ik.’

Wêr brochten dy reizen dy?

‘Ik neam in pear lannen. Newfoundland yn Kanada, om nei walfisken te sjen. Op ’e Shetlandeilannen seach ik prachtige beamleaze natuer. Yn Noarwegen bestudearre ik muskusoksen. Yn Yndia ha ik fjouwer kear west. In pear kear mei ús mem en in kear koart nei de middelbere skoalle. Mei myn freon Sameer. Op syk nei tigers. Koartlyn ha wy as húshâlding nei de Pyreneeën west. Ha wy yn in skûlhutte nei gieren sjoen. Dy wurde dêr nammentlik byfuorre. In prachtige ûnderfining. De gieren seagen ús net, want wy sieten achter in fertsjustere rút.’

‘As ik der net mear bin, fuorje my dan mar oan ’e gieren’

De bisten, lykas de gieren, komme werom yn dyn ferhalen.

‘Faak, ja. Sympatike fûgels. As ik dea bin, meie se myn lyk oan ’e gieren fuorje. Dy binne der grif bliid mei.’

Wurket it sa, datst earst it bist sikest en dan pas it lân?

‘Earlik sein wol. Op fakânsjes mij ik minsken. Dat hat eins altyd sa west.’

Al fan it momint ôf datsto oan by de Burgumermar omstrúndest …

‘Beslist. Strune! Alle fûgels wiene der doe ek noch. Fûgels dy’t no seldsum wurden binne, de blauwe hoanskrobber, de hoants, de reiddomp. Neffens my is der noch mar in tredde part oer fan ’e Nederlânske fûgelpopulaasje. Dêr meitsje ik my wol soargen oer.’

Hoe is de leafde foar fûgels ûntstien?

‘Op in dei rûn ik yn it park yn Amstelveen en fan dat stuit ôf begûn ik se te tekenjen en deroer te lêzen. Dat wie eins fuort folslein logysk foar my. En al gau wist ik der mear oer as myn âlden. Nee mem, dat is gjin mûzebiter. Dat is in wapseglee.’

Soest, ast it yn dizze tiid allegear oerdwaan mochtst, wer sa dwaan?

‘Skriuwen is wol wat dreger wurden, liket my. It is lestiger om by in útjouwer binnen te kommen. Se binne foarsichtiger en jouwe minder gau boeken út.’

Omdat der minder lêzen wurdt?

‘Dat hat der beslist mei te krijen. Eartiids waard der gewoanwei mear oan fertsjinne. Doe bestie de earste útjefte út fjouwer oant fiiftûzen boeken. Dat binne der no folle minder, oardel oant twatûzen. En it is dêrby ek noch mar de fraach oft de earste druk folslein ferkocht wurdt.’

Wêrom lêze wy net mear safolle?

‘Omdat der telefoans kommen binne. Wy lêze wol, mar it binne foaral artikels en koarte nijsberjochten, allegear fan dat skermke. Miskien is myn generaasje wol de lêste dy’t fan it skriuwen libje kin. It ynternet hat in soad stikkenmakke, fyn ik.’

Hat it ûnderdiel begripend lêzen der faaks ek wat mei út te stean?

‘No, hjir makkest in terjochte punt. Dat begripend lêzen fyn ik om te sjitten! Myn dochter moat dingen leare dy’t ik sels net kin. Ik kin bygelyks net ûntlede, mar is dat slim? Nee. En ik hoech ek net te witten wat sinjaalwurden binne. Dat ûnderdiel hellet elke wille út it lêzen. En dat sil elke skriuwer meistimme. Begjin de skoaldei leaver mei trije kertier lêzen. Gewoan lêze, yn ’e klasse, dat soe folle better wêze.’

Hokker skriuwer meist sels graach lêze?

‘Der is in skriuwer dêr’t ik al it wurk fantastysk fan fyn. Daniel Kehlmann. Het Meten van de Wereld fyn in geweldich boek. Mar ek Roem is behoarlik briljant en humoristysk skreaun. Alles fan Sjoerd Kuyper fyn ik ek bûtengewoan goed. Ted van Lieshout en Joukje Akveld, ek hielendal skitterjend.’

Hasto noch dreamen?

‘Ast âlder wurdst, libbest mear op dyn oantinkens dan op dyn dreamen. Logysk, om’t it ein datst noch ôflizze silst stadichwei ynkoarte wurdt.’

Woest oait muzikant wurde. Gjin dream mear oer in lette karriêre as popsjonger?

‘Nee. Paolo Conte is foar safier’t ik wit de iennichste dy’t op lette leeftiid wist troch te brekken as sjonger.’

Mar yn in dream kin alles.

‘Yn dat gefal soe ik earne yn in stil gebiet allinnich mar skilderje wolle.‘

Wêrom soest kieze?

Daan Remmerts de Vries wie 28 jier doe’t syn earste boek – oer syn katten Zippy en Slos – útjûn waard. It wurk dat dêrnei folge, wie like oerweldigjend as ûnderskiedend; boeken mei bisten yn ’e haadrollen, mei bisten dy’t net mear bestean, mei aliens, sjongende ienhoarnen en syklopen, en in hiel soad ferhalen oer reizen dy’t er makke. Remmerts de Vries makke katalogussen, eksposearre yn musea, skreau en yllustrearre jeugdboeken en romans. En ûnder syn pseudonimen Henry Lloyd en A.N. Ryst wûn er prizen en makke er furoare. Lykas mei it yn 2014 útjûne De Harpij, syn magnum opus.
 
Annie Lennox
Syn produksje is wilens de sechstich titels foarby. Ek binne der talleaze gearwurkingen mei oare skriuwers, ûntwerpers en yllustratoaren, dêrûnder Mark Janssen, Sjoerd Kuyper, Cornald Maas, Francine Oomen en P.C. Hooftpriiswinner K. Schippers. Mei Philip Hopman makke er yn 2010 it printeboek foar de Berneboekewike: Stimmy of het oerwoud in de Stad.
Yn it earste healjier fan 2023 ferskynden al trije boeken fan syn hân: Bonsaibaby (ûnder pseudonym A.N. Ryst), Vis en Vos en Juniper de Zingende Eenhoorn (ûnder pseudonym Henry Lloyd). Net ferkeard, foar ien dy’t ynearsten leaver profesjoneel popmuzikant wurden wie. Mei tachtich kassettebantsjes ûnder de earm rûn er yn syn jonge jierren likefolle Britske
Platestudio’s ôf. Yn ’e hoop dy iene produsint te finen dy’t it sitten seach. Fierder dan de resepsje kaam er yn ’e measte gefallen net. Yn in earder ynterview fertelt Remmerts de Vries oer dy kear dat Annie Lennox fan de Eurythmics him by in tafallige passaazje yn in studio op ’e teannen stie: ‘Tichter by muzikale rom bin ik nea kommen.’ It wie net syn gelokkichste perioade. Syn freondinne hie him ferlitten, hy twivele oer wa’t er wêze woe en foaral wêze koe en as hie it noch net moai genôch west, blykte by syn thúskommen dat der ynbrutsen wie yn syn appartemint.
 
Kieze
En doe wie dêr dy brief fan ’e útjouwer. Se wiene entûsjast oer it manuskript en woene Zippy en Slos graach útjaan. In boek dat fuort de alsidigens fan Remmerts de Vries etalearre. Want neist de teksten makke er hjir ek linoleumsneden foar. Nei in ôfrûne oplieding tekenjen en hânfeardigens en in moanne as seis foar de klasse, stapte er yn it keunstnersbestean. Skriuwe, tekenje, skilderje, etse, akwarellen, muzyk meitsje: in kar foar it iene slút it oare út. Dus wêrom soest kieze?