Redaksjoneel: Gelok - Leeuwarden City of Literature

Gelok

Ljouwert UNESCO City of Literature set, lykas alle oare UNESCO-organisaasjes, yn op sêfte hannen yn in hurde wrâld. Frede kreëarje en in feilige takomst foar ús allegear. In dak boppe de holle, in skjinne libbensomjouwing en goed ûnderwiis foar de bern. It heart miskien wat bombastysk, mear as ik eins bedoel, mar dizze saken binne spitigernôch minder fanselssprekkend wurden dan ik earder yn myn libben oait tocht ha. Minsken steane hieltyd mear diametraal foarinoar oer en in dialooch liket lang net altyd mear mooglik.

Us sêfte hannen by City of Literature hâlde yn ’e regel in pinne of potlead beet, klopje op it klavier fan de kompjûter of tikke op in smartphone. Wy stelle it skriuwen en lêzen fan literatuer sintraal. Want lêzen fergruttet de empaty fan minsken en alle feroaring begjint no ienkear yn ’e holle. Dat stie tsientallen jierren lyn by de oprjochting fan UNESCO al yn de grûnwet: ‘Omdat oarloggen yn ’e hollen fan minsken begjinne, is it yn ’e hollen fan minsken dat de ferdigeningswurken fan ’e frede boud wurde moatte’.

Lêzen ûntspant, do kinst der troch fantasearje, lêzen helpt om dyn gefoelens en ûnderfiningen te ferwurkjen, do learst der moaie en nije dingen fan, it helpt dy om dyn eigen miening te foarmjen, it lit dy genietsje fan moaie dingen. En sa kin ik noch wol eefkes trochgean. Mar miskien it aldermoaiste: lêzen helpt om oare minsken en ûnbekende situaasjes te begripen. En is dat net dêr’t it faak om draait yn it libben: dysels werkenne yn de oar en de oar yn dysels?

Wy kinne it ússels gewoan net permittearje om te libjen yn wantrouwen mei de wrâld. Dêrfoar binne de bedrigings dy’t wy hjoed-de-dei op grutte skaal ûnderfine te grut: antydemokratyske sympatyen lôgje oeral op, parten fan de wrâld steane yn de brân of krekt ûnder wetter en de loft dy’t wy ynazemje is hieltyd mear fersmoarge. En dan praat ik noch net iens oer de parse en it frije wurd dy’t letterlik en figuerlik knoeid wurde (yn 2018-2019 binne 156 sjoernalisten fermoarde en yn 2021 binne 488 sjoernalisten finzen set).

De essinsje fan wat minsken byinoar bringt, wat harren driuwt, is dat elkenien as lykweardich sjoen wurdt. Dan is in iepen dialooch mooglik en kin perspektyf bean wurde op feroaring. Dat giet stapke foar stapke. Sa stie ik koartlyn yn in kringloopwinkel te snuffeljen yn wat âlde boeken. In nerveuze man, immen dy’t sûnder mis bekend is mei de geastlike sûnenssoarch fanwegen syn tics, stammere sêft tsjin in winkelmeiwurker, yn amper begryplike wurden, dat er hichtefreze hie. De winkelmeiwurker harke nei him en sei flot: ‘Jou my mar in hân, dan rinne wy tegearre nei ûnderen’. Sêfte krêften yn in hurde wrâld. Dêr giet dizze edysje fan LETTER oer.

Ernst Bruinsma
Direkteur Leeuwarden UNESCO City of Literature

Foto: Jacob van Essen